Talintûntwikkeling
Al jierren is talintûntwikkeling in wichtich spearpunt fan Tryater. Wy fiele de ferantwurdlikheid om yn Fryslân it ûntwikkelingsplak te wêzen foar takomstige generaasjes spilers en makkers. Dat dogge wy troch spesjale trajekten en nauwe gearwurkingsferbannen.
TALINTONTWIKKELING OP MAAT: MAKKERS 2025-2028
Yn de beliedsperioade fan 2025 -2028 begeliedt Tryater trije ûnthjittende teatermakkers, dy’t de romte krije om har te ûntwikkeljen yn harren ekspertize.

Michelle Samba wie as komponist en live-muzikant belutsen by de foarstelling Sâlt op Oerol. Tagelyk is sy as makker ûnderdiel fan Station Noord. Yn de perioade fan 2025 -2028 krijt Michelle de mooglikheid om har fierder te ûntwikkeljen op it snijflak fan muzyk, performance art en teäter.

Romke Gabe Draaijer begûn as spiler by Jong Tryater, ûntwikkele him dêrnei as selsstannich makker en hat ûnderwilens de Master yn Theatre oan de Toneelacademie yn Maastricht ôfrûne. Romke Gabe syn talintûntwikkelingstrajekt bestiet út it ûntwikkeljen fan in Oerol-foarstelling De Oare Kant en hy sil as rezjy-assistint belutsen wêze by de lokaasjefoarstelling Haven.

Stijn Schootstra is yn 2024 ôfstudearre as akteur oan de toanielskoalle yn Amsterdam. Yn syn ôfstudearjier hat er by Tryater (ygm De Lawei) mei Sybren van der Velde en Ylke Siemensma de foarstelling Rottevalle makke. Yn dizze beliedsperioade spilet Stijn yn Foekje en Loft en dêrnjonken krijt hy de mooglikheid om him te oriïntearjen op it makkerskip.

JONG TRYATER
Sûnt 2009 bestiet Jong Tryater as yntern opliedingstrajekt foar talinten út Fryslân. Jong Tryater fynt ien kear yn de fjouwer jier plak. De talitting is geskikt foar studinten dy’t in stúdzje folgje oan in keunstoplieding (MBO / HBO). Studinten folgje neist harren stúdzje in twajierrich yntinsyf kurrikulum rjochte op spyljen en teäter meitsjen en krije les fan meardere professjonals út it wurkfjild en dosinten dy’t op toanielskoallen wurkje. Op dit stuit is Jong Tryater 5 (Wieke Overzet, Bjorn Bakker, Anne Fleur Jonker, Klaske Smid, Cas Bouwman en Lieke Venema) yn folle gong. In folgjende Jong Tryater-trajekt sil plakfine yn de perioade 2028 -2031.
TWEESPRAAK
Tweespraak is in talintûntwikkelingstrajekt en gearwurkingsferbân fan seis kulturele ynstellingen yn Ljouwert: VHDG, Tryater, Popfabryk, Keunstwurk, New Noardic Wave en Explore The North. Yn dit trajekt wurde 3 jonge keunstners út Fryslân begelaat yn it meitsjen fan in ynterdissiplinêr wurk dat alle jierren toand wurdt op keunstfestival de Broeikas yn Ljouwert.
Makkers dy’t dit trajekt folge hawwe binne û.o.: Iris Dicke, Tim Helderman, Luna van Drunen, Caya Emmelkamp, Alexander Moto en Sybren van der Velde.
STATION NOORD
Station Noord is in gearwurkingsferbân fan de grutte poadiumkeunstorganisaasjes út Fryslân, Grinslân en Drinte. Al fan’e start ôf binne wy ferbûn oan Station Noord en begeliede wy alle jierren twa of trije nije makkers. De talitting giet fia Station Noord en is geskikt foar begjinnende makkers mei in profesjonele teäteroplieding of in pear profesjonele ûnderfiningsjierren.
“Jong Tryater was voor mij een speeltuin waar ik mezelf als speler kon ontwikkelen en verdiepen. En bood daarmee een springplank naar het professionele theater.”
Brecht Wassenaar (Jong Tryater 1 – actrice in o.a. Fanfare, Doarp Europa en De IIsfoarstin)
“Voor mij was Jong Tryater een plek die diepgang en ruimte biedt voor ontwikkeling in spel en makerschap”
Dimithri Postma (Jong Tryater 4 – student Mime-opleiding AHK, acteur in o.a. 1000&1 Nacht, Part-Time Paradise en Nacht)
“Jong Tryater gaf mij een plek waar ik nieuwe theatervormen kon ontdekken en mijn eigen makerschap kon ontwikkelen door een grote variatie aan lessen. Samen met een superleuke en intieme groep.”
Bouke Hofman (Jong Tryater 5 – student Mime-opleiding AHK)
“Jong Tryater heeft mij doen voelen dat de grote dingen van binnenuit komen.”
Sybren van der Velde (Jong Tryater 4 – afgestudeerd aan de performance opleiding Maastricht, acteur in Hjir Ha ik West en Part-Time Paradise)
Mear witte?

