Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Tryater bringt foarstelling fol sinteklazen

02 11 2022

Ljouwert, 31 oktober 2022 – Fan tongersdei 9 novimber ôf stiet it gebou fan Tryater in moanne yn it ramt fan Sinteklaas. It selskip bringt yn dy perioade Sintgelok, geskikt foar elkenien dy’t net mear yn de Sint leaut. Teatermakker en akteur Karel Hermans hat in goed jier ûndersyk dien nei de iuwenâlde tradysje fan goed dwaan, in goedhillichman wêze. It resultaat is in fleurige, meartalige show dêr’t in hiele rige helpsinteklazen delkomt. Dizze rollen wurde spile troch likegoed rotten yn it sintfak, wêrûnder Sint Piter, as troch opkommende talinten fan D’Drive, wêrûnder Rowan Veltman.

Karel Hermans hat in fassinaasje foar it ûnderwerp: “Al in skoft rin ik om mei it idee om in foarstelling te meitsjen oer Sinteklaas. Wat is it dochs dat in grut part fan Nederlân in moanne yn it jier yn de ban fan de Sint is? Doe’t ik yn de skiednis fan de fiering dûkte, kaam ik derachter dat it in tradysje is dy’t him hieltyd oanpast hat oan de tiidgeast. Fan Sinteklaas út Mira oant de Sint fan de takomst.” Yn de úteinlike foarstelling fol helpsinten út alle wynstreken spylje ûnder mear Leòn Ali Çifteci (bekend fan û.o. Flikken Maastricht en Tweede Hans) en Rowan Veltman (resinte dielnimmer Holland’s Got Talent).

It gelok fan Fryslân

Sintgelok makket diel út fan It gelok fan Fryslân. Yn dit fjouwerjierrige projekt fan Tryater ûndersykje teatermakers Karel Hermans en Aukje Schaafsma hoe’t it kin dat yn Fryslân de gelokkichste minsken fan Nederlân wenje. Nei it langste geloksgedicht oait yn tsien doarpen yn 2020-2021 en de audio-ynstallaasje Snackgelok oer it gelok fan konsumearje, dûke se no yn it sinteklaasfeest as in soarte fan ritualisearre ferzje fan gelok.

Pop-up restaurant

De foyer fan Tryater wurdt yn de spylperioade omboud ta pop-up restaurant. Marije Lamsma fan Kookpit makket hjir in fegetarysk diner fan twa gongen. Kookpit is ûnder mear bekend fan de mobile krêpery Cut the Crêpe dy’t op festivals as Welcome to the Village, Festival der Aa en Noorderzon stiet.

Sintgelok hat try-outs op woansdei 9 en tongersdei 10 novimber en giet op sneon 12 novimber yn premjêre. De foarstelling spilet oant en mei 3 desimber. Der is in koartingspriis foar studinten/jongeren. Mear ynformaasje en kaarten

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado