Witst it noch: it Sinteklazefeest út dyn jeugd? Mei ál dy mominten fol spanning en ferwachting. Fan it setten fan dyn skoech en it sjongen yn de klasse oant it sitten op in skurte en it iepenjen fan dyn kado. Wat wie it spesjaal! Oant de betovering ferbrutsen waard en datst derachter kaamst dat it in grut toanielstik wie. Yn dizze lekker absurde foarstelling fol helpsinten út alle wynstreken ûntdekst fan alles oer it hearlik jûntsje. Wat fiere we eins yn de oanrin nei en op 5 desimber sels? Watfoar foarmen, rituelen en symboalen hearre by de goedhillichman? Wat is de skiednis fan it feest en wêrom is it sa hearlik om dysels te ferklaaien? Makker en spiler Karel Hermans ferbynt yn Sintgelok syn eigen libbensferhaal oan dat fan Sinteklaas. It resultaat is in fleurige, meartalige show dy’t dy oan it tinken set. Meitsje dy klear foar in jûn fol ferrassingen!
- Oanfang: 20.30 oere
- Tagongsprizen: € 17,50 (regulier), € 15,50 (Freonen van Tryater), € 12,50 (scholieren/studenten)
Meitsje dyn jûn kompleet!
Echt in hearlik jûntsje Sintgelok belibje? Kom foarôf foar € 21,50 p.p. iten yn ús pop-up restaurant! Marije Lamsma fan Kookpit makket in hearlik fegetarysk Sintgelok-diner fan twa gongen, dêr’tst gesellich mei elkoar fan genietsje kinst.
It gelok fan Fryslân
Sintgelok makket diel út fan It gelok fan Fryslân. Yn dit fjouwerjierrige projekt fan Tryater ûndersykje teatermakkers Karel Hermans en Aukje Schaafsma hoe’t it kin dat yn Fryslân de lokkichste minsken fan Nederlân wenje. Nei it langste geloksgedicht oait yn tsien doarpen yn 2021 en de audio-ynstallaasje Snackgelok oer it gelok fan konsumearje, dûke se no yn it Sinteklazefeest as in soarte fan ritualisearre ferzje fan gelok. Geskikt foar elkenien dy’t net mear yn de Sint leaut.
Foto’s: Anna van Kooij
Mei tank oan Alle Jan Heida, Frans Bakker, Harry Wiersma, Henk Landsheer, Rowan Veltman, Marthe Elzinga, Heleen Haijtema en de Sint Nicolaas Centrale foar harren meiwurking oan it kampanjebyld foar Sintgelok!