Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Teatrale portretten fan de wyk

30 06 2023
theatrale-portretten

Communityprojekt “Teatrale portretten fan de wyk” is in gearwurking tusken Tryater en twaddejiers studinten Docent Theater fan de NHL Stenden Hogeschool yn Ljouwert.

Foarich jier is dizze gearwurking mei de Docent Theateropleiding begûn. De studinten folgje yn har oplieding de module ‘werken met een doelgroep’. Yn opdracht fan Tryater is kontakt socht mei buertbewenners fan de Vlietzone en Oud-Oost om te ûndersykjen wat har dwaande hâldt. Tryater is benijd nei de buorlju en wol graach mear de ferbining meitsje en se belûke by aktiviteiten.

De ferhalen fan de bewenners binne troch de studinten yn teatrale portretten foarmjûn mei allegear ferskillende ûnderwerpen lykas:

Wat as alles fuortfalt dêr’tst dy dyn hiele libben oan fêsthâlden hast? Wat is dan it belangrykste yn dyn libben? Yn in multydissiplinêre en meartalige foarstelling litte de studinten jim yn de kunde komme mei de ein fan de wrâld.

Of yn de foarstelling Aanpoten.. ik doe niks liever hearst it ferhaal fan de asyldieren en fersoargers fan Stichting Dierenopvang De Wissel. Wat bart der mei in dier sadree’t dy fan húsdier ta asyldier beneamd wurdt?

Klik hjir foar mear ynformaasje.

theatrale-portretten-tryater-nhl
theatrale-portretten

Fotografy: Anne-Fleur Jonker

Nijs

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado