Spilers socht foar jubileumfoarstelling
20 03 2025
Spylje mei yn de jubileumfoarstelling Twa minuten foar oanfang fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter wêrby’t it publyk stikem, fia in magyske portal, yn de holle fan akteur Joop Wittermans bedarret.
“Hjoed is it foar it lêst. Nei 60 jier spyljen hat it genôch west” hearst Joop tinken. Fuortendaliks wurdt it publyk werom slingere nei de alderearste kear dat er frege waard om yn in foarstelling fan Tryater te spyljen. Dan folget in backstagetrip by de klaaikeamers del, lâns technykromtes en kostúmhokken, dêr’t Joop ferdwaalt yn de tiid en him ôffreget: wat betsjut ophâlde eins, en wat betsjutte 60 jier Tryater en 60 jier spylje? It publyk rint de audiorûte, begelaat troch de stim fan Joop op in koptelefoan, troch it teätergebou.
As spiler stiest earne op dy rûte yn in rol, as personaazje út in foarstelling út de skiednis fan Tryater. It is in sêne/situaasje yn fysyk non-ferbaal spul, somtiden yn kontakt mei it publyk. It publyk komt yn lytse groepkes foarby. Spilest dyn rol dus in skoft efterinoar, de útdaging sit ûnder oaren yn it subtile kontakt mei it publyk.
Fragen? Mail nei Sigrid: s.tervoort@tryater.nl
Wat wurdt der fan dy ferwachte?
Yn ‘e kunde komme: moandei 14 april 19:30 – 22:00 by Tryater
We jouwe mear ynformaasje oer it stik en wat der ferwachte wurdt. Wy sille ek aktyf oan de slach, sadatst al in yndruk krijst fan de rollen en oft it wat foar dy is. Tagelyk krije wy in yndruk oft der in geskikte rol is foar dy.
Repetearje
- wike 26 en 27: op moandei of tongersdeitejûn (tusken 23 juny en 11 july), ôfhinklik fan de rol
- wike 34 en 35: moandei of tongersdeitejûn, ôfhinklik fan de rol
- Wike 36: moandei 1 én tongersdeitejûn 4 septimber
- Wike 37: alle jûnen beskikber hâlde (sil net alle jûnen nedich wêze mar witte wy pas letter presys)
Foarstellingsdata
In spylwykein bestiet út: freedtejûn (19:00 – 23:00), sneontejûn (19:00 – 23:00) en sneintemiddei (14:00 – 18:00). It is hiel fijn ast der by alle foarstellingen by wêze kinst mar as dat net slagget kin dat ek. It minimum is wol óf ien folslein spylwykein, óf alle wykeinen ien deidiel.
Tryater Ljouwert | Theater Sneek | Posthuis Theater Heerenveen | De Lawei Drachten | Harmonie Ljouwert | Koornbeurs Frjentsjer | |
---|---|---|---|---|---|---|
to-jûn | 11 sept try-out | |||||
fr-jûn | 12 sept try-out | 19 sept | 26 sept | 3 okt | 10 okt | 17 okt |
sneon-jûn | 13 sept premjêre | 20 sept | 27 sept | 4 okt | 11 okt | 18 okt |
snein-middei | 14 sept | 21 sept | 28 sept | 5 okt | 12 okt | 19 okt |