Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Skriuwer Arne Sierens komt nei Zalen Schaaf

20 03 2019

Op freed 29 maart is nei ôfrin fan de foarstelling Trouwerijen en rjochtsaken, smoarge hoeren, ligers, minne heiten en memmen, ûnnoazele bern, ensafuorthinne en it hâldt mar net op in neipetear mei de Flaamske skriuwer fan it stuk, Arne Sierens, regisseur Tamara Schoppert en akteur Eelco Venema. Sjoernalist Kirsten van Santen sil mei de makkers yn petear oer de ynspiraasje fan Arne Sierens, de taal fan it stik en oer de ynterpretaasje fan Tamara Schoppert.

Arne Sierens (Gent, 1959) is in Flaamske skriuwer en teatermakker. Hy groeide op yn de Brugse Poort, in arbeiderswyk oan de westkant fan Gent. Syn jonge jierren yn dizze folkse wyk hat sûnder mis ynfloed op syn wurk: “In plak dêr’t de ‘condition humaine’ sichtber wurdt. Der wenje gjin goaden, mar ‘sukkelaars’. Sjochst der gjin trageedzjes, mar melodrama”, fertelt Sierens. Syn heit, de betiid stoarne skriuwer en filmresinsint Frans Sierens, joech him de leafde foar literatuer en film mei. Syn artistike en syn folkse achtergrûn komme yn syn foarstellingen by elkoar, wat him as teatermakker in persoanlike en unike styl meijout.

Peter Sijbenga fertaalde it stik fan Sierens nei it Frysk mei in ‘bite’, in fiktyf ‘Folksfrysk’. Fan 26 maart ôf oant en mei 20 april is de foarstelling te sjen, wêrby’t Zalen Schaaf omtsjoend wurdt ta feestseal De Rialto. Tickets foar de foarstelling fynst hjir.

Nijs

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

Abstracte afbeelding van een rennende Foekje Dillema 14 02 2025

Doch mei oan de Foekje Run | Boerum 12 april

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum

05 02 2025

Ienakterfestival 19-22 maart ‘26

Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival yn maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild.

Campagne beeld Foekje 28 01 2025

Earste foarstelling Foekje útferkocht!

Foekje Dillema’s berteplak Boerum as earste fol

Afbeelding van Winters Noorwegen 14 01 2025

Tryater yn dreamde Europeeske dokumintêre

FryslânDOK op NPO2 en Omrop Fryslân fan 15 febrewaris ôf. Premjêre tongerdsei 13 febrewaris by Tryater

19 12 2024

Selsfersekere nei de 60

Jubileum of net, as 2025 mar heal sa goed wurdt as it jier dêrfoar sitte we der alwer hiel tefreden by. Tank allegear foar it ôfrûne jier en we sjogge nei jim út yn it oankommende jier!

07 11 2024

Weromsjen presintaasjedei Het Houten Huis, Tryater en Peergroup

Op moandeitemiddei 4 novimber hawwe de noardlike teäterselskippen Het Houten Huis, Tryater en Peergroup mienskiplik har foarstellingen foar de basisskoalle…

28 10 2024

Weromsjen op it Gouden Wykein by Tryater

Op 18, 19 en 20 oktober spilen amateurspilers yn it Gouden Wykein foar in folle kaart. Yn de workshop fan…

24 10 2024

JINC by Tryater foar bliksemstages

Yn septimber en oktober 2024 krige Tryater binnen it JINC-programma twa Ljouwerter basisskoallen foar in bliksemstaazje.   JINC set him yn…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado