minne heiten en memmen, ûnnoazele bern ensafuorthinne en it hâldt mar net op
It karakteristike Zalen Schaaf yn Ljouwert wurdt fan 28 maart oant en mei 20 april omtsjoend ta âlde feestseal De Rialto: it plak dêr’t in soad minsken oait oer de skreef gienen.
Prostituee Yolande (Aly Bruinsma) nûget dy dêr út; se hat grut nijs. Nijs dêr’t har soan Thierry (Robin Bodde) perfoarst net op sit te wachtsjen. Freon en âld-dokter Max (Joop Wittermans) wrakselet nei in grinsleas libben mei syn sûnens en freget him fernuvere ôf wêr’t er Yolande har freondinne, Estelle (Anna Raadsveld), dochs fan ken? Flugge jonge Winnetoe (Rik Witteveen) siket tusken syn aventoeren troch nei syn rol yn Yolande har libben: ûnderhâldt hy har of sy him? Is hy har poaier, freon of út need ûntstiene peetheit fan Thierry? En hoe hurd oft Sacha (Eelco Venema) ûnderwilens ek syn bêst docht: hy krijt altyd fan alles de skuld.
De foarstelling, skreaun troch de Flaamske teatermakker Arne Sierens, is oerset troch Peter Sijbenga nei in selsbetocht, poëtysk ‘Folksfrysk’. Mei dekôr- en kostúmdesign fan Miek Uittenhout.
Tryater giet sûnt 25 jier wer werom nei de basis: it karakteristike Zalen Schaaf, dêr’t it selskip yn de jierren ’60 en ’70 repetearre en gearkomsten hie en dêr’t premjêres wienen. Tryater wie dêr foar it lêst te sjen yn de winter fan ’93.
N.B. Op de donderdag- en vrijdagavonden zijn er koptelefoons met Nederlandse vertaling beschikbaar.
Dizze foarstelling is mooglik makke mei tank oan it Old Burger Weeshuis, it Herbert Duintjer Fonds, it Leeuwarder Ondernemers Fonds en it Nieuwe Stads Weeshuis.