Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Recensie: Sa lang as wy blaze: alle emoasjes - Leeuwarder Courant

09 10 2023

In gewoane repetysjejûn foar fanfare Wilhelmina Easterein. Dat is it unike dekôr foar de premjêre fanYnblaze, it earste diel fan it Fanfare-trijelûk fan Tryater. Mei in ôfwikseling fan toaniel en muzyk spilet Brecht Wassenaar de rol fan Carmen, as saksofoaniste ûnderdiel fan ’e fanfare.

It publyk komt by de repetysje fan ’e fanfare op besite. As de leden ien foar ien binnenkomme, om’t de repetysje hast begjint, jout Carmen in ynsjoch yn harren persoanlike ferhalen en achtergrûnen. Wêrom sitte se by de fanfare? Wat motivearret se? Hjirmei rekket Wassenaar fuortdaliks de goeie snaar en hat dêrtroch ek fuort alle oandacht fan it publyk.

Se nimt it publyk mei yn alle emoasjes dy’t oan bar komme as lid fan in muzykferiening: frustraasje, plezier, twivel en ferlichting.

Wat eltse muzykferiening spesjaal makket

Wassenaar, sels opgroeid by in fanfare, wikselt saksofoan en toanielspul yn dizze foarstelling hieltyd ôf. ,,It is wol dreech om muzyk te meitsjen en tagelyk te aktearjen. Ik moat hieltyd skerp wêze wannear’t ik tekst ha en wannear’t ik spylje moat. Mar it is wol hiel spesjaal om beide te kombinearjen yn ien foarstelling.’’

De foarstelling set in ymposante likenis fan in trochsneed repetysjejûn del. Troch it grutte ynlibbingsfermogen fan Wassenaar wurdt it publyk meinommen yn it ferhaal en de gedachtewrâld fan saksofonist Carmen. Ek in knappe prestaasje fan dirigint Wilbert Zwier en alle leden fan fanfare Wilhelmina, dy’t neist har muzikale optreden ek har bêste akteartalint sjen litten hawwe. In must-see foar eltsenien mei in hert foar hafabra-muzyk.

Lees hier de gehele recensie
~ Auteur: Marijke Nicolai
~ Foto: Lucas Kemper

Nijs

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado