Loading...
Ynblaze
6 Okt O/M 10 Des’23

Ynblaze

Fanfare diel I
Yntime foarstelling op repetysjelokaasjes

Ien foar ien komme se de repetysjeromte yn. Der is ien dy’t al fjouwerentritich jier by de fanfare sit, sûnder oait ien jûn te missen. Der is ien dy’t jûn net allinne tromboane spilet, mar ek de kofje yn it skoft fersoarget. En ien dy’t har leafdesfertriet fuortblaast, yn de hoop dat net ien it heart.   

Ynblaze is in yntime, muzikale foarstelling mei ien aktrise en in fanfare. Troch de eagen fan korpslid Carmen, spile troch Brecht Wassenaar, belibbest in bysûndere repetysjejûn fan in deagewoane fanfare. Troch treastrike koralen, bombastyske konkoers-stikken en poëtyske bespegelingen komst yn de kunde mei de kleurrike leden fan in muzykferiening: fan de bleue hoarniste oant de drokke slachwurker.  

Tryater makket Ynblaze mei sân korpsen yn Fryslân. In unike gearwurking tusken lokale amateur-muzykferieningen en Tryater. Ynblaze is it earste part fan it Fanfare-trijelûk fan Tryater. 

  • Ynblaze is in Frysktalige foarstelling  
  • Tagongsprizen: € 12,50 (regulier), € 10,- (Freonen fan Tryater), € 7,50 (Jong o/m 25 jr)  
  • Alle spyllokaasjes binne rolstoeltagonklik  

Spile troch Brecht Wassenaar yn ‘e mande mei Wilhelmina Easterein, Harmonie Weidum, Melodia Wijckel, Blaast de Bazuin Surhústerfean, it Jouster Fanfare Orkest, Excelsior Schraard en Blaast de Bazuin Oude- en Nieuwebildtdijk


Fanfare-trijelûk

Yn tiden fan tanimmende yndividualisearring wêryn’t minsken har hieltyd mear weromlûke út it ferieningslibben, gienen de makkers fan Tryater op besite by mear as tritich fanfares yn Fryslân. Wat beweecht se om alle wiken by elkoar te kommen en mei elkoar muzyk te meitsjen?  

Regisseur en artistyk lieder Tatiana Pratley:
“It rekke my om te sjen dat dizze minsken, mei folslein ferskillende achtergrûnen en leeftiden, der alle wiken wer foar kieze om mei elkoar muzyk te meitsjen en op te gean yn wat dat grutter is as harsels. By ús foarûndersyk hearden we safolle moaie, oandwaanlike en grappige ferhalen dat we tochten: dêr kinne we wol trije foarstellingen fan meitsje. Sa ûntstie it idee om in trijelûk te ûntwikkeljen en ús in seizoen lang dwaande te hâlden mei de dynamyk fan de fanfare en de driuwfear fan de minsken dy’t deryn spylje. Foar ús stiet de fanfare foar wat grutters, nammentlik de krêft fan de mienskip en it belang om mei elkoar wat weardefols te ûndernimmen.”  

By alle trije foarstellingen spylje (leden fan) Fryske fanfarekorpsen mei. De foarstellingen binne los fan elkoar te besjen. Ynblaze spilet him ôf by de repetysje fan in korps; yn Thúsblaze komst yn Fryske húskeamers yn de kunde mei in personaazje út de slotfoarstelling. De grutte lokaasjefoarstelling Fanfare spilet yn de iepen loft, mei it doarp Easterlittens as dekôr. 


Deze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is 3_Logo_Colour_Frisian_L.pngDeze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is NL-Medegefinancierd-door-de-Europese-Unie_POS-1920x344.jpgLogo Provincie Fryslan

It Fanfare-trijelûk makket diel út fan it projekt phōnē, stipe troch de Europese Unie. It projekt is in gearwurking tusken Europeeske teäterselskippen dy’t wurkje mei minderheidstalen. Om Fanfare hinne is der útienrinnende útwikseling mei ynternasjonale partijen.
 
Tryater speelt 'Fanfare', niet de film maar een locatieproject over Friese hafabra-cultuur.
Leeuwarder Courant
 
,,By oare ferienings hast leeftiidsgroepen, mar yn ’e muzyk sit dat allegear troch elkoar en helpt inoar”
Friesch Dagblad
Sa lang as wy blaze: alle emoasjes - Marijke Nicolai
Leeuwarder Courant
Brecht Wassenaar soleert op indrukwekkende wijze in 'Ynblaze' | Recensie - Wiggele Wouda
Friesch Dagblad
 
"Blaasmuzyk as terapy" - Henk de Biesebeek
Omrop Fryslân
 
Veel lof voor bijzondere voorstellingenreeks Tryater en Blaast de Bazuin
Actief

Kredits

Brecht Wassenaar
Tatiana Pratley
Romke Gabe Draaijer
Aukje Schaafsma
Tamara Schoppert
Sjoeke-Marije Wallendal
Wessel de Vries
Laurens van der Meulen
Maarten Bos
Hanne Pierrot
Mathilde van der Hoop
Spul Brecht Wassenaar | Konsept Tatiana Pratley | Doarpsregy Romke Gabe Draaijer, Aukje Schaafsma, Tamara Schoppert, Sjoeke-Marije Wallendal | Tekst Wessel de Vries | Muzyk Laurens van der Meulen | Dramaturgy Maarten Bos | Foarmjouwing en kostúm Hanne Pierrot, Mathilde van der Hoop | Yn gearwurking mei Fanfare Wilhelmina Easterein, Muziekvereniging Harmonie, Weidum, Fanfare Melodia Wijckel, Brassband Blaast de Bazuin Surhuisterveen, Fanfare Excelsior Schraard, it Jouster Fanfare Orkest en Brassband Blaast de Bazuin Oude- en Nieuwe Bildtdijk | Sênefotografy Lucas Kemper |

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado