Loading...
Sintgelok  diner
9 Nov O/M 3 Des

Sintgelok diner

Meitsje dyn jûn kompleet!
Diner yn twa gongen

Echt in hearlik jûntsje Sintgelok belibje? Kom foarôf iten yn ús pop-up restaurant! Marije Lamsma fan Kookpit makket in hearlik fegetarysk diner fan twa gongen, dêr’tst gesellich mei elkoar fan genietsje kinst.

Hoe sjocht de jûn derút?
Fan 18.00 oere ôf bist wolkom yn ús foyer, dêr’t we in smûk húskeamerrestaurant ynrjochte hawwe. Neidatst oanskood bist, begjint it feestlike diner om 18.30 oere. Krijst in wintersk haadgerjocht en in swiet neigesetsje foarset. Watst krekt ite silst? Dat is in ferrassing! Doch krekt as thús en helje it lid mar fan de panne!

Oer Kookpit
Kenst Kookpit miskien fan de mobile krêpery Cut the Crêpe dy’tst ûnder mear tsjinkomst op festivals as Welcome to the Village, Festival der Aa en Noorderzon. Marije fersoarget dêrneist catering, itensiedersworkshops en wyldplukkuiers. Se makket inkeld biologysk en fegetarysk iten en kombinearret yn har gerjochten farske yngrediïnten út de regio mei in flinke poarsje leafde.

Beheind plak, reservearje gau
Do reservearrest online maklik tagelyk mei dyn Sintgelok-tickets in plakje oan tafel. Al foarstellingskaarten kocht? Dan kinst ek los in yt-ticket bestelle. De dinerkosten binne eksklusyf drinken. Tink derom: de kapasiteit fan ús restaurant is beheind, fol is fol!

  • Untfangst: tusken 18.00 en 18.30 oere
  • Kosten diner: € 21,50 (twa gongen ekskl. drankjes)
  • Reserveare foar it diner kin oant uterlik ien dei foar de foarstellingsdatum

Bliuw
op de
hichte