Loading...
Sintgelok
12+ 9 Nov O/M 3 Des’22

Sintgelok

In hearlik jûntsje


Witst it noch: it Sinteklazefeest út dyn jeugd? Mei ál dy mominten fol spanning en ferwachting. Fan it setten fan dyn skoech en it sjongen yn de klasse oant it sitten op in skurte en it iepenjen fan dyn kado. Wat wie it spesjaal! Oant de betovering ferbrutsen waard en datst derachter kaamst dat it in grut toanielstik wie. Yn dizze lekker absurde foarstelling fol helpsinten út alle wynstreken ûntdekst fan alles oer it hearlik jûntsje. Wat fiere we eins yn de oanrin nei en op 5 desimber sels? Watfoar foarmen, rituelen en symboalen hearre by de goedhillichman? Wat is de skiednis fan it feest en wêrom is it sa hearlik om dysels te ferklaaien? Makker en spiler Karel Hermans ferbynt yn Sintgelok syn eigen libbensferhaal oan dat fan Sinteklaas. It resultaat is in fleurige, meartalige show dy’t dy oan it tinken set. Meitsje dy klear foar in jûn fol ferrassingen!

  • Oanfang: 20.30 oere
  • Tagongsprizen: € 17,50 (regulier), € 15,50 (Freonen van Tryater), € 12,50 (scholieren/studenten)

Meitsje dyn jûn kompleet!
Echt in hearlik jûntsje Sintgelok belibje? Kom foarôf foar € 21,50 p.p. iten yn ús pop-up restaurant! Marije Lamsma fan Kookpit makket in hearlik fegetarysk Sintgelok-diner fan twa gongen, dêr’tst gesellich mei elkoar fan genietsje kinst.

It gelok fan Fryslân

Sintgelok makket diel út fan It gelok fan Fryslân. Yn dit fjouwerjierrige projekt fan Tryater ûndersykje teatermakkers Karel Hermans en Aukje Schaafsma hoe’t it kin dat yn Fryslân de lokkichste minsken fan Nederlân wenje. Nei it langste geloksgedicht oait yn tsien doarpen yn 2021 en de audio-ynstallaasje Snackgelok oer it gelok fan konsumearje, dûke se no yn it Sinteklazefeest as in soarte fan ritualisearre ferzje fan gelok. Geskikt foar elkenien dy’t net mear yn de Sint leaut.

Foto’s: Anna van Kooij

Mei tank oan Alle Jan Heida, Frans Bakker, Harry Wiersma, Henk Landsheer, Rowan Veltman, Marthe Elzinga, Heleen Haijtema en de Sint Nicolaas Centrale foar harren meiwurking oan it kampanjebyld foar Sintgelok!

Echt in hearlik jûntsje Sintgelok belibje? Kom foarôf iten yn ús pop-up restaurant! Marije Lamsma fan Kookpit makket in hearlik fegetarysk diner fan twa gongen, dêr’tst gesellich mei elkoar fan genietsje kinst.

Hoe sjocht de jûn derút?
Fan 18.00 oere ôf bist wolkom yn ús foyer, dêr’t we in smûk húskeamerrestaurant ynrjochte hawwe. Neidatst oanskood bist, begjint it feestlike diner om 18.30 oere. Krijst in wintersk haadgerjocht en in swiet neigesetsje foarset. Watst krekt ite silst? Dat is in ferrassing! Doch krekt as thús en helje it lid mar fan de panne!

Oer Kookpit
Kenst Kookpit miskien fan de mobile krêpery Cut the Crêpe dy’tst ûnder mear tsjinkomst op festivals as Welcome to the Village, Festival der Aa en Noorderzon. Marije fersoarget dêrneist catering, itensiedersworkshops en wyldplukkuiers. Se makket inkeld biologysk en fegetarysk iten en kombinearret yn har gerjochten farske yngrediïnten út de regio mei in flinke poarsje leafde.

Beheind plak, reservearje gau
Do reservearrest online maklik tagelyk mei dyn Sintgelok-tickets in plakje oan tafel. Al foarstellingskaarten kocht? Dan kinst ek los in yt-ticket bestelle. De dinerkosten binne eksklusyf drinken. Tink derom: de kapasiteit fan ús restaurant is beheind, fol is fol!

  • Untfangst: tusken 18.00 en 18.30 oere
  • Kosten diner: € 21,50 (twa gongen ekskl. drankjes)
  • Reserveare foar it diner kin oant uterlik ien dei foar de foarstellingsdatum


Sintgelok

in sint bin ik, dyn wiere

yn sulver moanneljocht jou ik dy
om ´e nocht watst wolst

yn in rein fan kikkerts en mûzen
gleonje ik hillich read

asto my leaust, slûp ik dyn libben yn
skriuw ik it goede yn dy op, yn fersen

in sint bin ik, dyn wiere

leau my trippel trappel trap
troch it dak fan dyn ferbylding

sa bliuw ik by dy, lit my los
en hieltyd wer weromweagje

oankomme yn in haven
fan sjongende skoarstiennen

Sytse Jansma

 
"Een ode aan de hulpsinterklazen"
Omrop Fryslân
 
"Sinterklaas moet altijd blijven bestaan"
Leeuwarder Courant
 
Voorstelling over het positieve van Sinterklaas
Omrop Fryslân
 
"Vol verwachting klopt ons hartje"
Leeuwarder Courant
Sintervasie bij Sintgelok
ilovetheater.nl
 
Goedheiligman in vele vormen in Sintgelok. Volwassenen zetten vol verwachting hun schoen.
Huis aan Huis Leeuwarden
Wat dogge we mei Sinteklaas (nei Swarte Pyt)?
Leeuwarder Courant
 
Resinsje Sintgelok fan Tryater: Sinteklaas as 'mental coach'
Omrop Fryslân
 
Hoopvol op zoek naar nieuwe invulling van een traditie
Theaterkrant

Kredits

Karel Hermans
Aukje Schaafsma
Leòn Ali Cifteci
Rowan Veltman
Marthe Elzinga
Cas Bouwman
Tatiana Pratley
Janneke de Haan
Mathilde van der Hoop
Nina Thunnissen
Maarten Bos
Charley Yntema
Konsept Karel Hermans, Aukje Schaafsma | Spul Karel Hermans, Leòn Ali Cifteci, Rowan Veltman, Marthe Elzinga, Cas Bouwman, Alle Jan Heida, Frans Bakker, Harm Westra, Henk Landsheer, Harry Wiersma | Regy Tatiana Pratley, Janneke de Haan | Kap en grime Mathilde van der Hoop | Kostúms Mathilde van der Hoop | Dramaturgy Nina Thunnissen, Maarten Bos | Regyassistint Charley Yntema | Lûdsûntwerp Laurens van der Meulen | Ljochttechnikus Bart Schurer | Lûdstechnikus Gerard Jorna, Bart Schurer | Foarstellingslieder Gerard Jorna | Sênefotografy Anna van Kooij | Mei tank oan de Sint Nicolaas Centrale en Marcus VanKan | En fierder i.s.m. D'Drive |

Sintgelok

 

Sintgelok-diner

Meitsje dyn jûn kompleet

lês mear

Gedicht

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado