Loading...
14 O/M 28 Septimber

Sâlt

In ûnderhûdske moeting
Nei it sukses op Oerol yn septimber 2024 yn reprize op de fêste wal!

Mei live muzyk fan Mats Voshol

Yn Sâlt bisto tegearre mei aktrise Eva Meijering yn in magysk realistyske wrâld. Stadich mar wis wurdt bleatlein hoe’t se dêryn telâne kaam is. Se hat oantinkens oan sâlt wetter, in dokter, har âlden, har hûd en oanhâldende jokte. Mominten dy’t soarge ha foar de komplekse relaasje ta har eigen lichem. Want asto altyd dyn impulzen ûnder kontrôle hâlde moatst, kinst dan noch frijheid ûnderfine? Slagget it Eva om los te litten?

Sâlt wie yn 2023 in hit op it Oerol Festival op SKylge en giet dêrom yn septimber 2024 yn reprize op de fêste wâl yn in eardere fabrykshal yn Alde Leie.

Sâlt is in oefening yn it balansearjen op de tinne line tusken kontrôle en oerjefte.

  • Yn Sâlt wurdt sawol Nederlânsk as Frysk sprutsen. De foarstelling is foar elkenien goed te folgjen.
  • Fan 18 o/m 28 septimber 2024 van woansdei o/m sneon om 20:30 oere te sjen yn de eardere fabrykshal Nije Leiie yn Alde Leie
  • Tagongsprizen: € 19,50 (regulier), € 17,50 (Freonen fan Tryater), € 14,50 (Jong o/m 25 jr)

Tagonklikheid
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Sâlt. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke by Sâlt, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.

Oer de makkers
Aktrise Eva Meijering is al langere tiid ferbûn oan Tryater en wie te sjen yn ûnder mear Doarp Europa, Nacht en Fanfare. Dêrneist spile sy û.o. by Theater Artemis, Bontehond en it Zuidelijk Toneel. De rezjy is fan ynternasjonaal operearjend akteur en regisseur Michaël Bloos (û.o. Istanbul Bericht van de andere kant, yn de top 3 beste foarstellingen neffens Trouw). Frank Siera skreau de tekst. Syn teksten ûnderskiede har troch de filosofyske ynstek en muzikaliteit, binne yn ferskillende talen oersetten en publisearre yn literère tiidskriften.

Tryater set stappen yn duorsumheid en is dêrom sûnich mei drukwurk. By Sâlt is it programmaboekje digitaal; krigest by dyn besyk dus gjin papier mear yn hannen. It is in digitaal magazine, mei folle mear romte foar ynformaasje en ferdjipping. En foar moaie foto’s en sels fideo’s. Thús al trochlêze kin fia ûndersteande button.

Eksposysje ûnderhûds 
Us hûd is ús grutste orgaan. By folwoeksenen kin de trochsneed fan de hûd wol 1,5 oant 2 m² wêze en 15 oant 20 kilo weagje. Mar hoe is it as dyn hûd altyd yn beweging is?

Dizze portrettenrige giet oer 5 minsken mei ferskillende hûdoandwaningen. Hoe is harren relaasje mei har hûd? En hoe fielt it om altyd dyn ympulsen te ûnderdrukken?
 
De eksposysje is te sjen by de foarstelling Sâlt yn Aldeleie en is ûntwikkele yn it ramt fan Tryater Rûnom; in ynisjatyf dat yn it libben roppen is om, neist de teäterfoarstellingen, mominten te organisearjen om mei it publyk yn petear te gean.

Fotografy: Annelies Visser 
Ynterviews: Anne-Fleur Jonker en Eline de Vries 

Arthur Pirenne (65)

‘Mijn huid is een soort fabriek die constant nieuwe huidcellen maakt. Als je alle huid, die ik in mijn hele leven verloren heb, bij elkaar zou vegen kun je er een pakhuis mee vullen. Soms is het heerlijk om alles open te krabben tot bloedens aan toe. Dan voelt het alsof mijn huid klaarkomt.’ 

Lês hjir it ferhaal fan Arthur

Esmee van der Meulen (23)

‘Minsken fregen my oft ik te lang mei myn sinnebril yn de sinne sitten hie, om’t myn eachlidden wyt wienen. Doe’t ik sei dat dat net sa wie, kaam de fraach: ‘is it besmetlik?’  

Lês hjir it ferhaal fan Esmee

Mats Voshol (33)

‘Je huid vertelt je precies wat je voelt. Ik mocht niet krabben, maar het liefst wilde ik met een steen over mijn hoofd krabben, maar dat gaat niet helpen. Door het onderdrukken van die impulsen, schakel je andere emoties ook uit.’ 

Lês hjir it ferhaal fan Mats

Sofie de Vries (15)

‘In het verleden gooiden klasgenoten expres water over mij heen, om te zien wat er zou gebeuren. Ze zagen niets, maar mijn huid schreeuwde moord en brand. Ook doktoren geloofden mij niet, pas na een jaar werd ik doorgestuurd naar een dermatoloog en werd deze zeldzame waterallergie vastgesteld.’  

Lês hjir it ferhaal fan Sofie

Esmee de Haan (25)

‘Het voelt alsof mijn huid te strak zit. Ik heb mezelf geleerd om met de platte hand te ‘krabben’, nooit met nagels en ik moet ervoor waken dat mijn huid niet te droog of te vet wordt en ik gebruik dagelijks bodylotion om mijn huid soepel te houden.’  

Lês hjir it ferhaal fan Esmee


Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

Hjirûnder hawwe wy alles foar dy op in rige set. Wolst (ien fan) de ûndersteande mooglikheden brûke by Sâlt, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.

Let op! Ast witte litst datst komst, dan kinne wy mei spesifike winsken rekken hâlde. Stjoer dan in mailtsje nei Hilly Kronemeijer. Ek ast fragen hast oer tagonklikheid en/of mear mear ynformaasje, wolst. Sy helpt dy graach fierder. We tinke graach mei dy mei oer hoe’t we foar dy teäter tagonklik meitsje kinne!


SITST YN IN ROLSTOEL EN/OF KINST MIN RINNE?

  • Rolstoelplakken beskikber: Sâlt is rolstoeltagonklik. Der is in rolstoeltoilet oanwêzich.

STIPE FOAR MINSKEN DY’T MIN HEARRE

  • Ringlieding: By Sâlt is foar minsken dy’t min hearre in ringlieding (in triedleas hulpsysteem) beskikber. Der is in ûntfanger/luisterhulp (dy’tst om ‘e nekke hingje kinst) mei of sûnder koptelefoan beskikber. Kinst ek dyn eigen koptelefoan (headset) meinimme.
  • Ringlieding méi gehoarapparaat: De ringlieding is te brûken mei dyn eigen gehoarapparaat mei in T- of MT-stand en CI (cochleair implantaat) yn kombinaasje mei de ûntfanger/luisterhulp.
  • Ringlieding sûnder gehoarapparaat: Kinst min hearre mar hast gjin gehoarapparaat? Ek dan kinst de ringlieding brûke mei de ûntfanger/luisterhulp yn kombinaasje mei in headset.
  • Tolk Nederlandse gebarentaal: Der is in tolk Nederlandse gebarentaal beskikber fia smart glasses by de foarstellingen fan 25 septimber ôf

*Ringlieding en T- of MT-stand: In gehoarapparaat kin in ‘luisterspoelprogramma’ ha (T- of MT-stand). Skeakelje de T- of MT-stand yn en it gehoarapparaat kin de signalen fan de ringlieding ûntfange. Nim by fragen oer dyn gehoarapparaat en de oanwêzichheid fan de T- of MT-stand, kontakt op mei dyn hearspesjalist. Tryater brûkt foar de ringlieding it Phonak-Roger-systeem foar teäters.


FISUELE STIPE

  • Audiodeskripsje: Beskikber foar bline minsken of minsken dy’t min sjogge by de foarstellingen fan 21 septimber ôf.
  • Blindengeleidehûnen binne wolkom.

DE RIJ FOARBY (foar prikkelgefoelige minsken)

Bisto prikkelgefoelich of is der in oare reden datst behoefte hast oan mear rêst? Mei de Voorbij de Rij ferklearring kinst de wachtrij oerslaan en fuortendaliks nei de tribune.

  1. Printsje de ynfolde Voorbij de Rij verklaring en nim dizze mei.
  2. Rin de rij foarby gean nei de servicebaly, dêr’t in meiwurker fan Tryater dy fierder helpt. Meist dan alfêst plaknimme op de tribune sadatst dy yn alle rêst tariede kinst op de foarstelling. Fan in kertier foar oanfang ôf giet de tribune iepen foar de rest fan it publyk.

LANGUAGE NO PROBLEM

  • English subtitles: available (smart glasses) at the shows from September 19 and further. Choose the ’ticket + smart glasses’
 
Eva kruipt in theatervoorstelling ‘Sâlt’ in haar onrustige huid
Friesch Dagblad
 
,,Zo wordt op een heel theatrale manier een aantal vraagstukken behandeld. En dat op een supermooie locatie.”
Leeuwarder Courant
 
Sâlt van Tryater is nu al een van de hits van het Oerol-festival
Leeuwarder Courant
'Sâlt' is dit jaar een van de mooiste voorstellingen op Oerol
Volkskrant
Eva Meijering is in deze wonderschone solo als een vis in het (zoute) water
Theaterkrant
 
Oerolsucces 'Sâlt' op de vaste wal: verhaal blijft even indringend | Recensie
Friesch Dagblad

Kredits

Eva Meijering
Michaël Bloos
Mats Voshol
Konsept & spul Eva Meijering | Regy Michaël Bloos | Muzyk Mats Voshol | Komposysje Michelle Samba | Tekst Frank Siera | Oersetting Peter Sijbenga | Senografy Morgana Machado Marques | Lûd Gido Bamboe | Ljocht Nico Wijnberg | Technyk Gerard Jorna | Kampanjebyld Heleen Haijtema, Muah Nynke van der Veen | Sênefotografy Bart Lindenhovius |

Sâlt

 

Programmaboekje

By Sâlt is it programmaboekje digitaal; krigest by dyn besyk dus gjin papier mear yn hannen.

lês mear

Eksposysje Ûnderhûds

Dizze portrettenrige giet oer 5 minsken mei ferskillende hûdoandwaningen

lês mear

Tagonklikheid

Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy't har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado