Loading...
Sâlt
7 O/M 18 Juny

Sâlt

In ûnderhûdske moeting
Oerol Skylge
Bestel kaarten
Doorloop voor Freonen van Tryater
Oost: 39. Duinkuil Heartbreak Hotel
Oost: 39. Duinkuil Heartbreak Hotel
Woansdei 07 Juny 2023

Sâlt

14:00
Oost: 39. duinkuil Heartbreak Hotel
Trochrin spesjaal foar de Freonen fan Tryater
Freed 09 Juny 2023

Sâlt

12:45
Oost: 39. Duinkuil Heartbreak Hotel
Twa foarstellingen de dei fan 9 o/m 18 juny om 12:45 en 16:30 oere. Fia bestel kaarten komst op de bestelside fan Oerol foar de hiele foarstellingsperioade
Snein 18 Juny 2023

Sâlt

16:30
Oost: 39. Duinkuil Heartbreak Hotel
Twa foarstellingen de dei fan 9 o/m 18 juny om 12:45 en 16:30 oere. Fia bestel kaarten komst op de bestelside fan Oerol foar de hiele foarstellingsperioade

Mei live muzyk fan multytalint Michelle Samba

Yn Sâlt bisto tegearre mei aktrise Eva Meijering yn in magysk realistyske wrâld. Stadich mar wis wurdt bleatlein hoe’t se dêryn telâne kaam is. Se hat oantinkens oan sâlt wetter, in dokter, har âlden, har hûd en oanhâldende jokte. Mominten dy’t soarge ha foar de komplekse relaasje ta har eigen lichem. Want asto altyd dyn impulzen ûnder kontrôle hâlde moatst, kinst dan noch frijheid ûnderfine? Slagget it Eva om los te litten?

Eksklusyf te sjen op Oerol Skylge

Sâlt is in oefening yn it balansearjen op de tinne line tusken kontrôle en oerjefte.

  • Yn Sâlt wurdt sawol Nederlânsk as Frysk sprutsen. De foarstelling is foar elkenien goed te folgjen.
  • Sâlt is wilens it festival elke dei te sjen om 12.45 en 16.30 oere (útsein moandei 12 juny)
  • De kaartferkeap foar Sâlt set útein foar Vrienden van Oerol op 10 maaie (20:00 oere), de reguliere ferkeap begjint op 16 maaie (12:00 oere) fia oerol.nl.

Oer de makkers
Aktrise Eva Meijering is al langere tiid ferbûn oan Tryater en wie te sjen yn ûnder mear Doarp Europa en Nacht. Dêrneist spile sy û.o. by Theater Artemis, Bontehond en it Zuidelijk Toneel. Multy-ynstrumentalist Michelle Samba komponearre de muzyk en spilet dy live wilens de foarstelling. Sy gie earder û.o. op toernee mei Claudia de Breij. Eva en Michelle binne beide hikke en tein yn Fryslân. De rezjy is fan ynternasjonaal operearjend akteur en regisseur Michaël Bloos (û.o. Istanbul Bericht van de andere kant, yn de top 3 beste foarstellingen neffens Trouw). Frank Siera skreau de tekst. Syn teksten ûnderskiede har troch de filosofyske ynstek en muzikaliteit, binne yn ferskillende talen oersetten en publisearre yn literère tiidskriften.

Kredits

Eva Meijering
Michaël Bloos
Michelle Samba
Konsept & spul Eva Meijering | Regy Michaël Bloos | Muzyk Michelle Samba | Tekst Frank Siera | Oersetting Peter Sijbenga | Senografy Morgana Machado Marques | Lûdsûntwerp Ben Vrielink | Technyk Gerard Jorna, Bart Schurer | Kampagnebyld Heleen Haijtema, Muah Nynke van der Veen |

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado