Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Rûntsje Hûntsje
skoallefoarstelling 4 + 17 Feb O/M 10 Apr

Rûntsje Hûntsje

In byldzjende foarstelling oer freonskip, aventoer en grutte ûntdekkingen

Hilde is ûnder-siker. Se siket ûnder de dingen, om’t se mear fan dy dingen witte wol. Se wol it begripe. As op skoalle ynienen in frjemd en tsjuster gat ûntdutsen wurdt, wurdt Hilde belle om ûndersyk te dwaan. Mei Mûs, dy’t har helpt, mjit se it gat, want mjitte is witte en witte is mjitte. Mar dan komt der ynienen in jonkje oanrinnen, mei in hiel drok hûntsje… Se stjoere Hilde har ûndersyk folslein yn ’e hobbel.

Rûntsje Hûntsje spilet op basisskoallen yn Fryslân en Grinslân. In byldzjende foarstelling oer freonskip, aventoer en grutte ûntdekkingen, lykas: it tsjuster hat mear kleuren ast tinkst.

  • Leeftiid: 4+, groep 1 en 2, spesjaal ûnderwiis yn oerlis
  • Spylperioade: 17 febrewaris o/m 10 april 2025
  • Lokaasje: boarterslokaal
  • Kosten: € 500 de foarstellingen € 850 by twa foarstelling op deselde dei en lokaasje, iepenbier € 600 de foarstelling
  • Kapasiteit: 80 (ynkl. learkrêften)
  • Taal: Frysk of Nederlânsk

Fragen oer boeken?

It lesmateriaal fan Rûntsje Hûntsje bestiet út in foarlêsboek/hantlieding, in poster mei magneetsticker en twa koarte fideo’s. De lessen binne makke nei it konsept fan ‘ferhalend ûntwerp’. Elke les begjint mei in koart ferhaaltsje. Us advys is om de lessen foarôfgeand oan de foarstelling te dwaan. De learlingen komme sa alfêst yn de kunde mei de spilers en de tematyk fan it stik.  

Lesmateriaal yn de klasse
Wolst sjen hoe’t it lesmateriaal yn de les brûkt wurdt? Besjoch dan hjirûnder de fideo. 

Rûntsjedûns/ Rondjedansen 
Muzyk by les 05 foarlêsboek/hantlieding: De rûntsjedûns bestiet út in kombinaasje fan ferskillende bewegingen. Undersykje earst mei de bern watst dwaan kinst en lit se dêrnei sels twa of trije bewegingen kombinearje. Sa hat elk syn of har eigen rûntsjedûns.  

Beharkje hjirûnder de muzyk fan de Rûntsjedûns. 

Diele is leaf 
We binne fansels hiel benijd hoe’t dyn learlingen dizze foarstelling en it lesmateriaal belibbe hawwe. Dus hast in foto makke fan bygelyks de teken- of teäteropdracht? Diel it mei ús! Reaksjes, foto’s en filmkes meist maile nei edukaasje@tryater.nl Jou dêrby eefkes oan oft wy it diele meie. Setst wat op socials? Tag dan foaral Tryater! 

Kredits

Klaske Smid
Sjoerd Blom
Gerwin de Vries
Tatiana Pratley
Wessel de Vries
Nina Thunnissen
Laurens van der Meulen
Spul Klaske Smid, Sjoerd Blom, Gerwin de Vries | Regy Tatiana Pratley | Tekst Wessel de Vries | Dramaturgy Nina Thunnissen | Muzyk Laurens van der Meulen | Foarmjouwing en kostúm Sarah Nixon | Edukaasje Jannie van der Veen, Anne Zijlstra | Sênefotografy Moon Saris |

 

Lesmateriaal

It lesmateriaal bestiet út in foarlêsboek/hantlieding, in poster mei magneetsticker en twa koarte fideo’s

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado