Raze om protters
2 Okt O/M 29 Nov ’19

Raze om protters

Wanneer de maat vol is.

As net ien dy heart en net ien dy sjocht, hoe hâldst dy dan steande?

Ast hieltyd mar it gefoel krijst dat net ien dy heart en net ien dy sjocht, wylst sa dyn bêst dochst om derby te hearren, hoe hâldst dy dan steande…?

It bart Doede (Raymond Muller), in jonge mei in lichte ferstanlike beheining, wannear’t in soad feroaret yn syn libben. Sûnt in pear wiken sit er ferplichte thús by syn mem (Aly Bruinsma), dy’t ek fersoarging nedich hat. Hy hat dien krigen om’t er by fersin syn net te temjen leafde foar Elske DeWall te bot utere, wylst syn freonen dat krekt sa oanmoedigen. Dêrtroch liket der gjin plak mear foar him te wêzen yn de maatskippij.

Help krijt er fan ynstânsjes, mar hy wurdt fan de muorre nei it sket stjoerd. Hoe hurd oft er ek besiket, Doede krijt mar gjin fet op hoe’t it dan wol heart. As útsetter driget ek syn favorite dowehobby foar him te djoer te wurden. Hy begrypt it net; hy docht sa syn bêst, wêrom wurdt dat net sjoen? Yn stee fan de kop hingje te litten, komt Doede yn aksje en easket in poadium. It is genôch.

Yn dizze oandwaanlike teaterfoarstelling wurdst gizele troch Doede – mar meitsje dy gjin soargen, hy hat gjin kwea yn it sin. Hy wol allinne mar hiel graach datst efkes harkest -. Hy nimt dy mei yn syn wrâld, yn syn dreamen, lâns de paden fan syn ûnfrede, iensumheid en langstme. Kinsto him hearre?

  • Spesjaal foar de foarstelling hat Elske DeWall de titelsong ‘Raze om protters’ opnommen.

Eelco Venema skriuwt en regissearret Raze om protters. Hy is by Tryater bekend as spiler, mar ûnderwilens hat er ek in flink oantal stikken skreaun. Yn Raze om protters set Eelco Venema aktuele, maatskiplike fraachstikken oer soarch, partisipaasje, ynklusiviteit, sinjouwing en iensumheid om yn in tragikomysk skouspul tusken fjouwer spilers, wêrby’t er mei humor en empaty de soms skrinende werklikheden oan it ljocht bringt.

Fierder wie Rooftop Memories, dat te sjen wie yn Theater Bellevue yn Amsterdam, wie fan syn hân. In pear jier lyn skreau er mei oan de ‘Liwwadder’ útfiering fan Discopigs, koartlyn skreau er So happy together. Fierder skreau Eelco mei oan Wa oerlibbet de skries en Doarp Europa.

Lês hjir ús tiidskrift fan septimber 2019 oer Raze om protters!

FOTO’S (c) BAS DE BROUWER

 
Doede schreeuwt om aandacht
Leeuwarder Courant 3-10-2019
 
"Lichtvoetig, humoristisch en aangrijpend tegelijk"
Theaterkrant 7-10-2019
 
'Raze om protters': skreau om aandacht
De Moanne 7-10-2019
 
Razend troch de wrâld fan Doede
Friesch Dagblad 7-10-2019
 
Raze om protters: "Ik wol dat jimme nei my harkje!"
Omrop Fryslân 3-10-2019
 
Tusken realisme en freakshow
Leeuwarder Courant 7-10-2019
 
Echte aandacht eisen in 'Raze om protters'
Friesch Dagblad 2-10-2019

Kredits

Eelco Venema
Raymond Muller | Doede Peterson
Aly Bruinsma | Jet Peterson (mem fan Doede)
Mads Wittermans | Rikkert Schuil (Sosjaal wurker)
Olympia Kotopoulos | Zoë (thúshelp)
Tekst Eelco Venema | Regy Eelco Venema | Akteur Raymond Muller | Doede Peterson, Mads Wittermans | Rikkert Schuil (Sosjaal wurker) | Aktrise Aly Bruinsma | Jet Peterson (mem fan Doede), Olympia Kotopoulos | Zoë (thúshelp) | Regyassistint Trieneke Verbeek | Foarmjouwing Marieke Veenstra | Muzyk Snoet & Smoel | Ljochtûntwerp Koos de Vries | Foarstellingslieder Jan Bruinsma | Technyk Gerard Jorna, Sigrid Jonker, Bart Schurer, Ben Vrielink | Taaladvys Arjan Hut | Visuals Richard Toepoel en Pieter-Frans Flameling | Fideo Lourens van den Akker |

Bliuw
op de
hichte