In aventoerlike foarstelling foar bange dûkers en dappere fan-de-kant-ôf sjoggers
Plûns is te sjen op basisskoallen yn hiel Fryslân en op 17 febrewaris 2026 yn Theater aan het Spui yn Den Haag by it Lentekriebels Festival
Dêr is it djippe. En dit is de dûkplanke. Doarsto der fanôf? Ik doch in bomke. Do stiest oan de kant. Ik wettertraapje. Do fielst mei de teannen. Ik meitsje grutte weagen. Do sjochst nei it wetter. Do sjochst en sjochst mar. Krekt sa lang oant it wetter in spegel wurdt.
Plûns is in byldzjende, fantasyrike beukerfoarstelling oer dingen doare dy’tst earst noch net doardest. Oant de knibbels? Oant de nâle? Mei elkoar kopke ûnder? Plûns!
Mei de foarstelling Plûns komme we by dy op skoalle en spylje we yn it boarterslokaal.
- Leeftiid: 4+, groep 1 en 2, spesjaal ûnderwiis yn oerlis
- Spylperioade: 17 febrewaris o/m 17 april 2026
- Kosten: € 525 per foarstelling en € 890 by twa foarstellingen op deselsde dei en lokaasje
- Kapasiteit: 80 (ynkl. learkrachten)
- Lokaasje: boarterslokaal
- Taal: Frysk/Nederlands


Fragen oer boeke?
