- Plûns (Frysktalich): 25 jannewaris o/m 18 maart 2026
- Plons (Nederlânsktalich): 22 maart o/m 9 april 2026
Loes, leerkracht groep 1 en 2:
We hebben genoten! Plûns is een speelse, fantasierijke voorstelling met een mooie, herkenbare boodschap: leren durven. De voorstelling laat op een toegankelijke manier zien dat iedereen wel iets spannend vindt en dat dat helemaal oké is. Juist door die verschillen ontstaat er ruimte om te groeien en om nieuwe stappen te zetten.
Dêr is it djippe. En dit is de dûkplanke. Doarsto der fanôf? Ik doch in bomke. Do stiest oan de kant. Ik wettertraapje. Do fielst mei de teannen. Ik meitsje grutte weagen. Do sjochst nei it wetter. Do sjochst en sjochst mar. Krekt sa lang oant it wetter in spegel wurdt.
Plûns is in byldzjende, fantasyrike beukerfoarstelling oer twa jonges dy’t inoar moetsje flak foardat harren earste swimles begjint. De iene hat der sin oan, de oare sjocht oeral gefaren. In ferhaal oer dysels of in oar bang prate. En dat wat doare net betsjut datst it fuortendaliks dwaan silst. Meist wankelje foardatst in stap setst?
Mei de foarstelling Plûns komme we by dy op skoalle en spylje we yn it boarterslokaal.

Krukpraatsjes
Wat fine beukers der sels eins fan?
- Leeftiid: 4+, groep 1 en 2, spesjaal ûnderwiis yn oerlis
- Spylperioade: 25 jannewaris o/m 9 april 2027
- Kosten: € 525 per foarstelling en € 890 by twa foarstellingen op deselsde dei en lokaasje
- Kapasiteit: 80 (ynkl. learkrachten)
- Lokaasje: boarterslokaal
- Taal: Frysktalig o/m 18 maart 2027, fan 22 maart o/m 9 april 2027 yn it nederlânsk
Fragen oer boeke?




