Loading...
It lêste wurd
15 Mrt & 16 Mrt

It lêste wurd

Phōnē

As ûnderdiel fan it Europeeske minderheidstalenprojekt Phōnē makket Romke Gabe Draaijer foar Tryater dizze eigensinnige foarstelling, yn ‘e mande mei minsken dy’t in Fryske streektaal of in taalfariant prate. Yn tsien repetysjes wurke de groep ta nei in humoristyske útfiering mei in filosofysk raffelrantsje: yn It lêste wurd meitsje we it definitive ôfskie fan de Fryske taal mei, wêrby’t de dialekten en lytse talen fan ‘e provinsje de twadde Rykstaal bedobje.

We komme de seal yn, de stuollen netsjes yn it gelid. Kofje en koeke binne efter de kiezzen. Sprekkers skrabje de kiel. Yn de kiste leit de taal. De dialekten en streektalen sizze it Frysk hjoed farwol

It stik kriget stal mei ynput fan eksperts út ‘e Fryske taalwrâld en mei de kreative ynset fan de dielnimmers. In bysûnder eksperimint, útfierd mei leafde foar de taal.   

Deze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is 3_Logo_Colour_Dutch_L.pngDeze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is NL-Medegefinancierd-door-de-Europese-Unie_POS-1920x344.jpgLogo Provincie Fryslan

Phōnē is in grut opset ynternasjonaal projekt fan sân teäterselskippen dat stipe wurdt troch de Europeeske Uny, mei Tryater as pinfierder. Alle selskippen, njonken it Fryske Tryater binne bygelyks Bretonske, Galisyske en Sorbyske organisaasjes behelle, meitsje dizze perioade yn ‘e eigen regio in gelikens stik oer de eigen minderheidstaal. Dy performances komme yn july by-inoar yn in grutte gearkomste yn Tirol, mei in delegaasje fan alle útfierders.

Kredits

Spul Brigit Janssen, Gjalt de Jong, Haaye Wagenaar, Ineke de Jong, Jan Faber, Annette Rodenhuis, Femke Sangers | Konsept en regy Romke Gabe Draaijer | Rezjy-assistint (staazje) Alysha Meijboom | Lûdsûntwerp Laurens van der Meulen | Senografy Afke Manshanden |

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado