Kaartferkeap fan 1 maaie 2026 ôf
Yn Fierder nei it Noarden bedarret de tritichjierrige Gabe yn de garaazje dêr’t er mear as tweintich jier lyn mei syn mem net fierder koe. Op syn njoggende naam se him mei op reis nei it Hege Noarden, ympulsyf en sûnder plan. De reis einige troch autopech yn in autogaraazje dêr’t mem en soan út need de nacht trochbrochten.
Troch har bipolêre steurnis skuorde syn mem him faak roekeleas mei yn grutte fantasyen en aventoeren. Gabe hold fan har ferhalen, mar dizze nacht fielde er foar it earst dat er der allinne foar stie.
Ik moat it sels dwaan…
Yn ‘e garaazje hat Gabe it petear mei syn mem, dat doe ûnmooglik wie. Oer alles dêr’t sy nea fan begrepen hat dat hy it nedich hie. En hy wol fierder reizgje, letterlik en figuerlik, nei it Noarden dêr’t se nea oankamen.
Fierder nei it Noarden is in yntime foarstelling oer soarch, leafde en ferantwurdlikheid. Oer in bern dat te betiid folwoeksen wurde moast, en oer weromgean om einlings foarút te kinnen.
Unike lokaasje | Haaima Garages
Fierder nei it Noarden spilet ôf him yn de wurkpleats fan de Haaima autogaraazjes yn respektyflik It Hearrenfean, Drachten en Ljouwert. In romte dy’t naadleas oanslút by de oantinkens oan de nacht dy’t alles feroare.

- Spylperiode: 7 o/m 17 okt It Hearrenfean, 20 o/m 31 okt Drachten, 3 o/m 28 nov Ljouwert
- Lokaasje: Wurkpleats Haaima Garages yn It Hearrenfean, Drachten en Ljouwert
- Entreeprizen: € 24,50 (standaard), € 22,- (Freonen fan Tryater), € 17,50 (CJP/Jong o/m 25 jr), try-outs € 2,50 koarting
- Betide-boekers-koarting: € 2,50 de kaart oant 1 augustus 2026
- Taal: Fierder nei it Noarden is foar it grutste part Frysktalich. Nederlandse ondertiteling is aanwezig (lichtkrant)
- English subtitles: available (Smart Glasses). Choose the ’ticket + smart glasses’

Tagonklikheid
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Fierder nei it Noarden. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.



