Hoe goed kenne we ús âlden? Wat hiene we freegje of sizze wold, mar sil nea útsprutsen wurde?
Yn Fierder nei it Noarden bedarret Gabe yn ‘e garaazje dêr’t hy mear as tweintich jier lyn mei syn mem net fierder koe. Op syn njoggende naam Sunny him mei op reis nei it Hege Noarden, ympulsyf en sûnder plan. De reis einige troch autopech yn in autogaraazje dêr’t mem en soan út need de nacht trochbrochten. Sunny skuorde Gabe faak roekeleas mei yn grutte fantasyen en aventoeren. Hy hold fan har ferhalen en liet him wier graach meifiere. Mar dizze nacht fielde Gabe foar it earst dat hy der allinne foar stie.
Ik moat it sels dwaan…
Wylst heden, ferline en fantasij fluoiber wurde, fiert Gabe mei syn mem it petear dat earder ûnmooglik wie. Oer alles dêr’t se nea fan begrypt hat dat er it nedich hie. Wilens bruoit der wat by de garaazjehâlder: werkent er Gabe miskien noch? Fan dy nacht dy’t alles bepaalde, doe’t se beide noch bern wiene?
Fierder nei it Noarden is in yntime, muzikale foarstelling oer soarch, leafde en ferantwurdlikens. Oer in bern dat te gau folwoeksen wurde moast, en oer weromkommen om einlings foarút te kinnen. Yn de rauwe setting fan in autowurkpleats en troch enerzjike perkusje begelaat, giet it publyk mei Gabe op syn ynterne reis.
Unike lokaasje | Haaima Service & Auto’s
Fierder nei it Noarden spilet him ôf yn de wurkpleats fan de Haaima autogaraazjes yn respektyflik It Hearrenfean, Drachten en Ljouwert.

- Spylperiode: 7 o/m 17 okt It Hearrenfean, 22 o/m 31 okt Drachten, 5 o/m 28 nov Ljouwert
- Lokaasje: Wurkpleats Haaima Service & Auto’s op It Hearrenfean, yn Drachten en yn Ljouwert
- Entreeprizen: € 24,50 (standaard), € 22,- (Freonen fan Tryater), € 17,50 (CJP/Jong o/m 25 jr), try-outs € 2,50 koarting
- Betide-boekers-koarting: € 2,50 de kaart oant 1 augustus 2026
- Taal: Fierder nei it Noarden is foar it grutste part Frysktalich. Nederlandse ondertiteling is aanwezig (lichtkrant)
- English subtitles: available (Smart Glasses). Choose the ’ticket + smart glasses’

Tagonklikheid
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Fierder nei it Noarden. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke, kies dan de júste kaartsoart by it bestellen.



