Loading...
Dat is toch net earlik?
8+ 30 Jan O/M 28 Apr

Dat is toch net earlik?

Bestel kaarten
Sneon 04 Maart 2023

Dat is toch net earlik?

13:30
Den Haag - Theater aan het Spui
Tariven
  • kind < 13 €8.50
  • normaal €13.00
Lentekriebels Festival

Dat is toch net earlik?

15:30
Den Haag - Theater aan het Spui
Tariven
  • kind < 13 €8.50
  • normaal €13.00
Lentekriebels Festival

“As de juf te let yn de klasse komt, is der neat te rêden, mar as ìk dat doch, ha ik in probleem. Myn freontsje hat skieden âlders en mei twa kear op fakânsje, myn âlders binne noch by elkoar en ik gean mar ien kear. Heit fynt de jacht op hazzen sneu, mar yt wol fleis fan in ko.”

Fjouwer astronauten wurde nei in gymseal teleportearre troch in mysterieuze stim. Hy hat spilers nedich foar syn selsbetochte spul. De astronauten spylje it spul mei de bern. De stim bepaalt oer goed en fout. Wa’t wol of gjin punten krijt. Pas as it spul spile is meie de astronauten werom nei de moanne. Mar hoe earlik binne de regels fan dit spul? Wêrom bepaalt de stim alles? En falt hjir eins wol te winnen?

Dat is toch net earlik? is in unyk ynteraktyf teaterspul foar yn de gymseal. Dus net allinne stilsitte, sjen en lústerje, mar ek sels meidwaan en dy yn it aventoer stoarte. Al boartsjend wurde bern fan groep 5 en 6 konfrontearre mei ferskillen en befrege oer har gefoel foar rjochtfeardichheid op lytse en grutte skaal.

Dat is toch net earlik? is te sjen op basisskoallen rûnom yn Fryslân en op 4 maart yn Den Haag yn Theater aan het Spui yn it ramt fan it Lentekriebels Festival.

Foto: Tryntsje Nauta

Krukpraatsjes

Wat fine bern eins fan rjochtfeardichheid?

Video: Hatogkrøller
  • Leeftiid: 8+
  • Taal: Frysk of Nederlânsk  (kar)
  • Spylperioade: 30 jan o/m 24 feb en 17 o/m 28 april 2023
  • Lokaasje: yn de buert fan dyn skoalle yn de gymseal
  • Kontaktpersoan: Nienke Rullmann n.rullmann@tyater.nl


Hjirûnder fynst it lesmateriaal dat heart by ‘Dat is toch net Earlik?’ It earste filmke is bedoeld om fóár de foarstelling oan dyn klas sjen te litten. De twa oaren foar néi de foarstelling. Yn de hânlieding dyts’t fia de post opstjoerd krigen hast kinst sjen watst mei dizze filmkes dwaan kinst. De hânlieding is hjirûnder ek te finen as pdf. In soad wille tawinske!

Kredits

Karel Hermans
Raymond Muller
Brecht Wassenaar
Regy Karel Hermans | Spul Raymond Muller, Brecht Wassenaar, Pien Malewicz (stage), Pieter de Groot (stage), Gaiske Meinsma (understudy) | Regyassistint Menno Pranger (stage) | Senografy Leoni Pirenne | Lûdsûntwerp Laurens van der Meulen | Technyk Bart Schurer, Sigrid Jonker | Dramaturgy Nina Thunissen, Maarten Bos | Edukaasje Jannie van der Veen, Sytse Jansma |

Dat is toch net earlik?

 

Lesmateriaal

lês mear

Bliuw
op de
hichte