“As de juf te let yn de klasse komt, is der neat te rêden, mar as ìk dat doch, ha ik in probleem. Myn freontsje hat skieden âlders en mei twa kear op fakânsje, myn âlders binne noch by elkoar en ik gean mar ien kear. Heit fynt de jacht op hazzen sneu, mar yt wol fleis fan in ko.”
Dat is toch net earlik? is in unyk ynteraktyf teaterspul foar yn de gymseal. In apekoai oer rjochtfeardichheid. Dus net stilsitte, sjen en lústerje, mar sels meidwaan en dy yn it aventoer stoarte. Al boartsjend wurde bern fan groep 5 en 6 konfrontearre mei net lykweardige sitewaasjes en befrege oer har gefoel foar rjochtfeardichheid op lytse en grutte skaal. De twa hosts en in showband lykje op it earste each krekt te witten hoe’t de puntetelling yn elkoar sit, mar al gau komt ek dêr spul oer.

Krukpraatsjes
Wat fine bern eins fan rjochtfeardichheid?
Fragen oer boekingen?
Nim kontakt op mei Nienke Rullmann
nienke@tryater.nl