“As de juf te let yn de klasse komt, is der neat te rêden, mar as ìk dat doch, ha ik in probleem. Myn freontsje hat skieden âlders en mei twa kear op fakânsje, myn âlders binne noch by elkoar en ik gean mar ien kear. Heit fynt de jacht op hazzen sneu, mar yt wol fleis fan in ko.”
Fjouwer astronauten wurde nei in gymseal teleportearre troch in mysterieuze stim. Hy hat spilers nedich foar syn selsbetochte spul. De astronauten spylje it spul mei de bern. De stim bepaalt oer goed en fout. Wa’t wol of gjin punten krijt. Pas as it spul spile is meie de astronauten werom nei de moanne. Mar hoe earlik binne de regels fan dit spul? Wêrom bepaalt de stim alles? En falt hjir eins wol te winnen?
Dat is toch net earlik? is in unyk ynteraktyf teaterspul foar yn de gymseal. Dus net allinne stilsitte, sjen en lústerje, mar ek sels meidwaan en dy yn it aventoer stoarte. Al boartsjend wurde bern fan groep 5 en 6 konfrontearre mei ferskillen en befrege oer har gefoel foar rjochtfeardichheid op lytse en grutte skaal.
Krukpraatsjes
Wat fine bern eins fan rjochtfeardichheid?
- Doelgroep: 8+, groep 5 en 6
- Taal: Nederlands
- Spylperioade: 5 feb o/m 29 mrt 2024
- Lokaasje: yn in gymseal yn ‘e buert fan de skoalle
- Kosten: € 450 foar ien foarstelling en € 765 by twa foarstellingen op deselde dei en lokaasje
- Kapasiteit: 60 learlingen de foarstelling