Loading...

Oprop: TRYATER SIKET SKRIUWERS 

14 09 2023

Fan oktober oant en mei desimber giet Tryater by sân Fryske fanfares del foar de foarstelling Ynblaze.  
In unike gearwurking tusken lokale amateur-muzykferieningen en Tryater. By de foarstelling wurdt der in oanfoljend programma (Tryater Rûnom) organisearre foar ynteressearre skriuwers. Besjochst de foarstelling en dochst mei oan in skriuwworkshop. 

 
Wat we dwaan sille. 
As dielnimmer fan dizze workshop giest yn petear mei muzikanten fan Fryske fanfares. Wêrom giet immen alle wiken nei de repetysje? Wat driuwt him of har? Yn tarieding nei Ynblaze ta hawwe skriuwer Wessel de Vries en regisseur Tatiana Pratley lyksa yn petear west mei in tal fanfareleden.  Dizze petearen hawwe ta ynspiraasje tsjinne foar de foarstelling.  Yn de workshop wolle we ûndersykje hoe’tst in nijsgjirrige monolooch skriuwst. Hoe fertelst eat sûnder it der oer te hawwen?  
Hoe hâldst it spannend? Dyn tekst sil tentoansteld wurde yn de foyer fan Tryater en letter ek brûkt wurde yn in podcast! 
 
De workshop wurdt oanbean yn kombinaasje mei in besite oan Ynblaze. Do meist sels kieze hokker dei ast dei ast foarstelling sjen wolst. Sjoch dêrfoar op de website fan Tryater. 
 
Wat foar dy? 
Troch dy op te jaan foar dit skriuwaventoer dûkst yn de tematyk fan de foarstelling en silst oan ‘e slach om in nijsgjirrige monolooch te skriuwen. Dat mei sawol yn it Nederlânsk as it Frysk. Dus hâldst fan skriuwen en teater? Fynst it leuk om oare skriuwers te moetsjen? Dan gean we graach mei dy oan ‘e slach. 
 
Oanmelde. 
De foarstelling is op sân ferskillende plakken te besjen. Sjoch derfoar ús website. De workshop sil hâlden wurde op woansdeitejûn 8 novimber (19.30 – 22.00 oere). Wês der gau by, want der kinne maksimaal 7 skriuwers meidwaan. 
 
Meidwaan? Jou dy dan op foar 8 oktober troch in mail te stjoeren nei Sytse Jansma (s.jansma@tryater.nl) Dêrnei krijst mear útlis. 
 
Kosten: €17,50 (foarstelling en workshop) 
 
Mear ynfo: https://tryater.nl/programma/ynblaze/  

Nijs

08 11 2023

Slagge presintaasjedei Tryater, Het Houten Huis en Peergroup

Op moandei 6 novimber 2023 wie alwer de tredde edysje fan de presintaasjedei foar it primêr ûnderwiis: “Een sterk staaltje…

01 11 2023

Waarmrinne foar Foekje Dillema

We meitsje plannen foar in reizgjende teäterfoarstelling oer atlete Foekje Dillema út Boerum. Hja makke yn ‘e jierren ’50 namme…

25 10 2023

TRYATER SIKET : PRODUKSJEMEIWURKER TAGONKLIKHEID (PROJEKTBASIS)

Tryater wol gastfrij en foar elkenien wêze en sette al grutte stappen om de foarstellingen foar minsken mei in fysike,…

09 10 2023

Recensie: Sa lang as wy blaze: alle emoasjes - Leeuwarder Courant

In gewoane repetysjejûn foar fanfare Wilhelmina Easterein. Dat is it unike dekôr foar de premjêre fanYnblaze, it earste diel fan…

09 10 2023

RECENSIE: BRECHT WASSENAAR SOLEERT OP INDRUKWEKKENDE WIJZE IN 'YNBLAZE' - FRIESCH DAGBLAD

,,Er is er één bij die zestig kilometer moet rijden om hier te komen spelen, bij deze fanfare. Altijd op…

05 10 2023

Jeugdteäterfestival Het Avontuur 2023 | 26 & 27 OKT DE EIK WAS HIER (6+)

Om’t it in grut sukses wie, komt jeugdteäterfestival Het Avontuur dizze hjerstfakânsje werom nei De Harmonie! Fan 26 o/m 29…

04 10 2023

Tryater siket sprekkers fan Fryske taalfarianten

Foar in communityprojekt oer taal siket Tryater minsken fan ferskaat plûmaazje dy’t in Fryske streektaal behearskje en dêr fan jannewaris…

18 09 2023

Oer in pear wiken spilet ús suksesfolle jongerefoarstelling Flam (14+) wer!  

Flam is in oangripende klassefoarstelling oer leafde en freonskip, en alles dêr tuskenyn. In foarstelling dy’t oer pine oan dyn hert,…

27 07 2023

Wolkom by Uit in Huis

Sneon 9 septimber iepenje de kulturele ynstellingen yn Ljouwert it nije seizoen mei it evenemint Uit in Huis. Fansels docht…

20 07 2023

Simmerspot seizoen 2023-2024

Kinst ‘m dizze wiken foarby kommen sjen op Omrop Fryslân en ús eigen kanalen: de fleurige simmerspot mei in frisse…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado