Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Open call: workshop foardrachtskeunst foar skriuwers en dichters

27 05 2021
Tryater zaal

Wolst tips en trúks om sa foar te dragen dat it publyk dy de wurden wol út ‘e mûle helje wol? It geheim achter it goed brûken fan stiltes yn dyn foardracht? Ljouwert City of Literature en Tryater jouwe fan tongersdei 23 septimber ôf in workshoprige fan fiif jûnen foardrachtskeunst foar profesjonele skriuwers en dichters. De oanmelding is no iepen!

Yn dizze workshoprige ûndersikest op boartlike wize de mooglikheden om in tekst oer te bringen. Silst mei akteur en teaterdosint Karel Hermans oan ‘e gong mei dyn eigen teksten, poëzy of proaza, yn hokker taal ast mar wolst. Yn fjouwer gearkomsten fynst út wêr’t dyn kwaliteiten lizze en wêr’tst oan wurkje kinst. It giet benammen om wille en ferbyldingskrêft. Yn de workshops is oandacht foar hâlding, it brûken fan stim, ynterpretaasje en teatertechnyk. Dit is it ark foar in goeie foardrachtskeunstner. Op 14 oktober jouwe de dielnimmers in performance foar publyk.

Ljouwert UNESCO City of Literature ynvestearret yn in profesjoneel literêr klimaat yn Ljouwert en Fryslân en organisearret dizze workshop yn it creative writing programme. Professionele skriuwers en dichters kinne harren foar 18 juny fergees oanmelde op www.leeuwardencityofliterature.nl. Meidwaan is fergees. De organisaasje makket in seleksje út de oanmeldingen en lit yn de wike fan 21 juny witte ofst meidwaan kinst. Bist selektearre, dan wurdtst by alle gearkomsten ferwachte: de workshopjûnen op 23 septimber, 30 septimber, 7 oktober en 13 oktober fan 19:30 oant 22:00 oere en de presintaasje op 14 oktober fan 19:00 oant 20:00 oere. Lokaasje: Tryater, Oostersingel 70, Ljouwert.

Wolst mear ynformaasje? Nim kontakt op mei Jan Gaasenbeek, programmakoördinator Ljouwert City of Literature, jan@leeuwardencityofliterature.nl, 06-11581617.

~ Oanmelde: Leeuwarden City of Literature

Nijs

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado