Omrop Fryslan folget it proses en makket tv-searje ‘ Fan binnenút, meisjen by Tryater’.
30 03 2022Keunst ynspirearret, ferbynt en set oan ta neitinken. Hoe wurket dat kreative proses? En wat giet der om yn de hollen fan de betinkers en makkers fan de lokaasjefoarstelling Under Wetter? Programmamakker Miranda Werkman dûkt yn dizze fjirde searje fan ‘Fan binnenút’ yn de wrâld fan de keunst en giet meisjen by Tryater.
Fan binnenút jout ynsjoch yn organisaasjes, bedriuwen en ynstellingen. Yn de earste trije rigen seach Miranda efter de doarren fan soarchorganisaasjes, diskear stapt se yn de wrâld fan kultuer. Op dy wei wol Omrop Fryslân de sjogger ynsjoch jaan yn in kreatyf proses en se tagelyk meinimme yn it ferhaal achter de foarstelling Under Wetter fan it Tryater.
Under Wetter
Fan 12 maaie oant en mei 9 july spilet Tryater de grutte lokaasjefoarstelling Under Wetter op de iisbaan yn Wergea. De iisbaan leit yn it stik op it lân fan de boerefamylje Kingma. Afke Kingma moat beslute oft se de grûn ferkeapje wol om de pleats te rêden. De druk wurd opfierd want der is wol ferlet fan grûn, om bygelyks wenten op te bouwen. En hoe faak kinst no eins noch op redens stean? De stim fan de natuer wurdt hieltyd grutter nei de ein ta.
Under Wetter is de foarstelling dy’t ûnderdiel útmakket fan Arcadia, de opfolger fan LF2018. 100 dagen lang is der keunst en kultuer mei omtinken foar de takomst fan mienskip, lânskip en erfguod.
“Fia persoanlike ferhalen de sjogger meinimme”
Omrop Fryslan folget it proses en makket de tv-searje ‘ Fan binnenút , meisjen by Tryater’ oer it stik. ‘’Fia persoanlike ferhalen de sjogger meinimme yn hoe’tst teäter makkest, dat is it doel fan dizze searje’’, seit programmamakker Miranda Werkman.
De earste ôflevering fan ‘Fan binnenút: meisjen by Tryater’ is fan 4 april ôf op moandeis te sjen om 17.15 oere by Omrop Fryslân. Yn it kulturele radioprogramma Op & Ut skowe de hiele moanne april makkers, muzikanten en dûnsers út de foarstelling oan.
~ Mear ynformaasje oer Under Wetter fynst hjir
~ Mear ynformaasje oer ‘Fan binnenút, meisjen by Tryater’