Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Nije lokaasjefoarstelling NACHT

04 01 2021

Fan april oant en mei maaie hoopje wy dat jim genietsje kinne fan de nije lokaasjefoarstelling NACHT. NACHT spilet him ôf yn en op parkeargaraazje De Klanderij te Ljouwert. In bysûndere lokaasje foar in foarstelling oer tragikomyske dreamen, langstme, twivels en eangsten fan minsken dy’t let op de jûn noch wekker binne.

NACHT is in aventoerlike syktocht yn it tsjuster. Belibbest it earste part fan de foarstelling út de auto wei en it twadde part ûnder de bleate himel. Fan it parkeardek ôf sjochst út oer nachtlik Ljouwert.

De foarstelling wurdt makke troch it team achter de Oerol-hit ​Part-Time Paradise ​(Aukje Schaafsma, Karel Hermans, Tatiana Pratley en skriuwer Wessel de Vries) yn gearwurking mei Sjoeke-Marije Wallendal (2018-iepeningsfoarstelling ​Marijke Muoi)​.

Hâld de website en social media yn ’e  gaten foar de start fan de kaartferkeap en mear ynformaasje. Wês derby! De kapasiteit sil y.f.m. de coronabeheiningen net grut wêze.

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado