In Memoriam: Joop Mulder

moandei 11 jannewaris 2021

Joop, do hast safolle minsken rekke mei dyn fyzje, dyn oarspronklikheid, dyn lef. Do hast in plak makke dêr’t foarstellingen fleane koene. Foar Twa, Pak ‘m Stanzi, Peer Gynt, Gleone Gloede, Master en Margarita, Holes en alle oaren. Mei waarmte sjogge wy werom op de tochten yn dyn Jeep oer Skylge, dêr’t we bysûndere petearen hiene, sykjend nei de bêste lokaasje. Joop, wy sille dy misse…

Foto fan: Gleone Gloede
Fotograaf: Karel Zwaneveld)