Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Hoe giet Tryater om mei de situaasje fan no?

20 03 2020

It coronavirus hat ek ús yn de greep. De kommende wiken wurket Tryater safolle mooglik thús en binne wy telefoanysk net berikber. Hast in fraach oer bestelde kaarten foar ien fan ús foarstellingen, dan kinst maile nei kaarten@tryater.nl. Hast in oare fraach, mail dan nei ynfo@tryater.nl.

Alle foarstellingen fan Trije susters spile troch de Prutsers geane net troch, mar de Prutsers binne kreatyf en fernimstich. Se ha der gjin sin oan om op ‘e bank te sitten. Dêrom geane se alle foarstellingsdagen dat Trije susters spylje soe op Facebook LIVE online! Ien fan de Prutsers sil dan in monolooch, gedachte of ‘wat’ diele. In koart momintsje, elkoar moetsje en in teatrale ûnderfining, mar dan online. Foar de Prutsers in lyts ûndersykje (lês: gegriem), dêr ‘t elkenien LIVE diel fan út meitsje kin. Klik hjir foar mear ynfo en de data en tiden.

Yn maaie steane de foarstellingen fan 1000&1 Nacht op it programma. Fanwegen alle ûnsekerheden fan dizze tiid ha we der foar keazen om fan start te gean mei digitaal repetearen. We geane teksten lêzen, tema’s besprekken, muzyk lústerjen op in digitaal platform. It wurdt in ûntdekkingsreis foar ús allegearre.

Sadree’t der mear bekind wurdt oer ús mooglikheden yn de kommende moannen, dan litte wy dat fansels oan jimme witte.

Yntusken sjogge we nei de mooglikheden om online foarstellingen sjen te litten. De Facebookside fan LF2028 toant mei regelmaat registraasjes fan Tryater, foarstellingen dy’t we yn 2018 en 2019 spilen. En op ‘e webside fan Tryater binne meikoarten foarstellingen fan langer lyn te sjen. Hâld ús webside yn ‘e gaten!

Foar no hoopje wy dat jimme foarsichtich binne en bliuw foaral sûn.

Nijs

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

Abstracte afbeelding van een rennende Foekje Dillema 14 02 2025

Doch mei oan de Foekje Run | Boerum 12 april

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum

05 02 2025

Ienakterfestival 19-22 maart ‘26

Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival yn maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild.

Campagne beeld Foekje 28 01 2025

Earste foarstelling Foekje útferkocht!

Foekje Dillema’s berteplak Boerum as earste fol

Afbeelding van Winters Noorwegen 14 01 2025

Tryater yn dreamde Europeeske dokumintêre

FryslânDOK op NPO2 en Omrop Fryslân fan 15 febrewaris ôf. Premjêre tongerdsei 13 febrewaris by Tryater

19 12 2024

Selsfersekere nei de 60

Jubileum of net, as 2025 mar heal sa goed wurdt as it jier dêrfoar sitte we der alwer hiel tefreden by. Tank allegear foar it ôfrûne jier en we sjogge nei jim út yn it oankommende jier!

07 11 2024

Weromsjen presintaasjedei Het Houten Huis, Tryater en Peergroup

Op moandeitemiddei 4 novimber hawwe de noardlike teäterselskippen Het Houten Huis, Tryater en Peergroup mienskiplik har foarstellingen foar de basisskoalle…

28 10 2024

Weromsjen op it Gouden Wykein by Tryater

Op 18, 19 en 20 oktober spilen amateurspilers yn it Gouden Wykein foar in folle kaart. Yn de workshop fan…

24 10 2024

JINC by Tryater foar bliksemstages

Yn septimber en oktober 2024 krige Tryater binnen it JINC-programma twa Ljouwerter basisskoallen foar in bliksemstaazje.   JINC set him yn…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado