Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Freonen en amateurspilers oan de slach mei Vader en zoon

26 11 2021

Freonen fan Tryater en amateurspilers út Fryslân binne oan it wurk set mei de tematyk fan Vader en zoon. Op freed 19 novimber wie der in earste Freone-aktiviteit by de foarstelling yn De Lawei, Drachten. Yn it wykein fan 26 oant en mei 28 novimber folget in groep selektearre amateurspilers workshops. 

Sa’n 150 Freonen dogge mei oan in workshop foarôfgeand oan Vader & zoon yn Drachten, It Hearrenfean en Snits. Om de aktiviteit coronaproof te hâlden is de groep opsplitst. Teatermakker Willy van Assen ûntfong de earste groep yn Drachten. It tema (âlders en bern) makke hiel wat los by de dielnimmers. Sy dûkten der fol entûsiasme op en de resultaten wiene grappich en oandwaanlik. 

Goud’n Wykein 

Yn it Goud’n Wykein (26-28 novimber) folget in selektearre groep amateurspilers workshops fan twa profesjonele teatermakkers: Peter Sijbenga en Zen Roorda. Wat hasto dyn heit of mem noch noait frege? Wat hat dyn heit of mem dy noch noait frege? De antwurden op dizze fragen foarmje it basismateriaal foar de workshop dy’t Peter Sijbenga jout. De dielnimmers wurkje oan in performance wêrby’t harren selsskreaune (koarte) tekst teatralisearre wurdt. De monolooch wurdt stipe troch in soundscape. Dat kin in mompel-lânskip wurde, in body-sound soundscape of bygelyks lûden fan materiaal. It gehiel foarmet in collage fan tekst en muzikaliteit. Zen Roorda freget de dielnimmers om nei te tinken oer de ferskillende rollen dy’t ien ha kin yn it libben as bern en/of as âlder. Dit persoanlike materiaal wurdt troch it ensemble ferwurke op de flier. Poëtyske en absurdistyske eleminten wurde tafoegd om ta in teatraal gehiel te kommen. 

  

Op de foto: Freone-workshop yn De Lawei (foto troch Lucas Kemper)

Nijs

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado