Earste húskeamerfoarstelling is in feit!
28 09 2018Tongersdeitejûn 27 septimber fûn de earste húskeamerfoarstelling plak by Elizabeth Drost yn Drachten! Akteurs Marjolein Ley, Klaus Jürgens en Brecht Wassenaar spile in yntime prolooch fan de foarstelling Doarp Europa yn in folle húskeamer. Check dizze link foar alle data en lokaasjes fan de húskeamerfoarstellingen fan Tryater.
Doarp Europa giet freed 12 oktober yn premjêre yn de âlde Sluisfabryk yn Drachten. De premjêre is al útferkocht, mar op 10 en 11 oktober binne de Try Outs te sjen op dizze bysûndere bedriuwelokaasje. Tickets dêrfoar binne te keap by Skouboarch De Lawei.
[Boppe: Brecht Wassenaar, Elizabeth Drost, Marjolein Ley, Klaus Jürgens yn ‘e húskeamer; Linksûnder: besykers; Rjochtsûnder: Roel Falkena en artistyk direkteur Ira Judkovskaja]
Ekstra bysûnder wie it besyk fan Roel Falkena: âld foarsitter fan Tryater en Freon fan de earste oere!