De myte fan it plattelân útinoar raffele

woansdei 10 oktober 2018 – sneon 15 desimber 2018

Doarp Europa

Bestel kaarten
Nochter, hurdwurkjend, snoad of krekt nayf. Etiketten dy’t plattelânsbewenners út sawol Dútslân, Oekraïne as Fryslân yn foarige iuwen opplakt krigen.

How come? ? Bestiet dé Europeeske doarpsbewenner anno 2018? Yn Doarp Europa fan Tryater wurdt de myte útinoar raffele.

Hasto wolris in Europeaan moete? En wêr dan?
Europeanen. Bewenners fan Parys, Berlyn, Rome, Madrid. Froulju fan de wrâld yn de lêste moade ûnderweis nei kantoar, manlju mei twadielich pak of hipsterburd. Krante ûnder de earm. Coffee to go yn de hân, opgeand yn it drokke ferkear en wurksum yn de tsjinstesektor. Mar traapje ien kear it gas yn en bist yn Europa de stêd al wer út. En dêr komst dus ek Europeanen tsjin. Op it plattelân. Yn it doarp. Mar wa binne dat dan? Wat ha se mienskiplik? Hoe sjogge sy nei de globalisearjende maatskippij? Watfoar byld hat de wrâld fan harren? Want wat no, ast op ‘e doarpen itselde hipsterburd en deselde tsjinstesektor blykst tsjin te kommen? Wat as ien of oare Sinees nei Europa sjocht, glimket, en seit: Europa? Europa hat gjin stêden, hear. Wy ha stêden. Wat jimme in stêd neame, is eins in doarp.

Wolkom yn Doarp Europa.  Tryater reizget yn de hjerst mei dizze kleurrike foarstelling lâns doarpen (en doarpen dy’t harrensels stêden neame) yn Fryslân; is alle dagen op in oar plak mei oare ferhalen. Dy ferhalen wurde grut(s) en lyts ferteld, yn húskeamers en op lokaasjes. Nij skreaun wurk wurdt ôfwiksele mei teksten út de wrâldliteratuer, wêrby’t spilers, muzikanten en dûnsers de siel fan it plattelân besykje te fangen.

Deze meertalige voorstelling maakt deel uit van het hoofdprogramma van Leeuwarden Fryslân Culturele Hoofdstad 2018 en is ook geschikt voor niet-Friestaligen


Doarp Europa fynt plak op in oantal unike lokaasjes, ûnder oare by de ûndersteande organisaasjes:

COA – Centraal Orgaan opvang Asielzoekers – BURGUM // CRAFTWURK – DRACHTEN // Fisher Edelstaal – SNITS // GGZ – Mind Up – FRJENTSJER // KTF – HARNS // Noord Nederlandse DraadIndustrie – DOKKUM // Polem – DE LEMMER // Rabobank – LJOUWERT // Steinfort Glas – FRJENTSJER // TripleE – DE JOUWER // Van Vuuren – GROU // Ventura Systems – BOALSERT

Kredits

Ira Judkovskaja | Eelco Venema | Beppe Costa | Aly Bruinsma, Sjoerd Blom, Beppe Costa, Romke Gabe Draaijer, Klaus Jurgens, Marjolein Ley, Eva Meijering, Brecht Wassenaar | Elze van den Akker | Linda Eijssen | Koos de Vries |

Ferdjipping

Doarp Europa yn de húskeamer

Foar ien jûn kinne wy dyn wenkeamer ombouwe ta thústeater! Wy sykje húskeamers mei plak foar minimaal 20 en maksimaal 35 gasten. Betingst is wol dat der minimaal 15 kaarten ferkocht wurde (fia de website fan Tryater of telefoanysk). Fansels soargje wy foar promoasjemateriaal en publisiteit.

Ofmjittings en oare saken

Maten húskeamer: minimaal 30 m2
30 m2 =  ±20 persoanen
35 m2 = ±30 persoanen
40 m2 = ±35 persoanen
Opboutiid: 2,5 oere
Duer foarstelling: ±1,5 oere
Klaaikeamer: in keamer wêr’t de spilers harren omklaaie en tariede kinne wurdt op priis steld.

Wolsto Doarp Europa by dy yn ‘e húskeamer ûnfange? Mail dan mei Rixt Bottema of belje 058-2882335