Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

AMATEUR-TROMBONISTEN SOCHT FOAR UNDER WETTER!

21 02 2022

12 maaie o/m 9 july spilet de grutte lokaasjefoarstelling Under Wetter yn Wergea en op Oerol. Tryater en Ivgi&Greben sykje trombonisten mei ûnderfining dy’t de muzyk fan komponist Sytze Pruiksma útfiere kinne ûnder lieding fan profesjonele trombonisten Brandt Attema en Sebastiaan Kemner.

Wat foar dy?
Wennest yn of tichtby Fryslân en bist yn besit fan minimaal in HaFaBra B (leafst C) diploma. Bist in betûft amateurtrombonist en fynst it moai om ûnderdiel te wêzen fan in groep makkers en spilers mei ûnderfining? Dan sykje wy dy! Wy biede dy in masterclass fan profesjoneel trombonist Brand Attema en in te gekke ûnderfining by in grutte iepenloftproduksje. Mochtst oare trombonisten witte dy ‘t de partij mei dy diele wolle of dy’t ek meidwaan wolle: lit it witte en diel dizze oprop!

Wichtich is datst beskikber bist op de folgjende data:

  • 9 april fan 10.00 oant 16.00 oere foar de masterclass fan Brandt Attema;
  • 16 april fan 10.30 oant 16.00 oere, 24 april fan 10.30 oant 15.00 oere en 1 maaie fan 13.00 oant 16.00 oere foar de repetysjes mei Brandt Attema of Sebastiaan Kemner;
  • Minimaal de helte fan de folgjende data: 5, 6, 7, 9, 10 en 11 maaie, allegearre yn de jûnsoeren;
  • En foar leafst alle – mar minimaal tsien – foarstellingen fan Under Wetter. Alle data binne te finen op ús webside.

Bist klear foar dizze muzikale ûnderfining? Lês it komplete profyl hjir en jou dy uterlik moandei 14 maart op. Wy nimme kontakt mei dy op!

Oanmelde kin fia ûndersteand formulier.

Nijs

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

Abstracte afbeelding van een rennende Foekje Dillema 14 02 2025

Doch mei oan de Foekje Run | Boerum 12 april

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum

05 02 2025

Ienakterfestival 19-22 maart ‘26

Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival yn maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild.

Campagne beeld Foekje 28 01 2025

Earste foarstelling Foekje útferkocht!

Foekje Dillema’s berteplak Boerum as earste fol

Afbeelding van Winters Noorwegen 14 01 2025

Tryater yn dreamde Europeeske dokumintêre

FryslânDOK op NPO2 en Omrop Fryslân fan 15 febrewaris ôf. Premjêre tongerdsei 13 febrewaris by Tryater

19 12 2024

Selsfersekere nei de 60

Jubileum of net, as 2025 mar heal sa goed wurdt as it jier dêrfoar sitte we der alwer hiel tefreden by. Tank allegear foar it ôfrûne jier en we sjogge nei jim út yn it oankommende jier!

07 11 2024

Weromsjen presintaasjedei Het Houten Huis, Tryater en Peergroup

Op moandeitemiddei 4 novimber hawwe de noardlike teäterselskippen Het Houten Huis, Tryater en Peergroup mienskiplik har foarstellingen foar de basisskoalle…

28 10 2024

Weromsjen op it Gouden Wykein by Tryater

Op 18, 19 en 20 oktober spilen amateurspilers yn it Gouden Wykein foar in folle kaart. Yn de workshop fan…

24 10 2024

JINC by Tryater foar bliksemstages

Yn septimber en oktober 2024 krige Tryater binnen it JINC-programma twa Ljouwerter basisskoallen foar in bliksemstaazje.   JINC set him yn…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado