Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Foto van de achteruitkijkspiegel in de auto waar iemand in kijkt
Foto met een stilstaande auto met paarse rook en twee personen
7 Okt O/M 28 Nov

Fierder nei it Noarden

In yntime foarstelling yn in autogaraazje, oer soarch, leafde en ferantwurdlikheid

Kaartferkeap fan 1 maaie 2026 ôf

Yn Fierder nei it Noarden bedarret de tritichjierrige Gabe yn de garaazje dêr’t er mear as tweintich jier lyn mei syn mem net fierder koe. Op syn njoggende naam se him mei op reis nei it Hege Noarden, ympulsyf en sûnder plan. De reis einige troch autopech yn in autogaraazje dêr’t mem en soan út need de nacht trochbrochten.

Troch har bipolêre steurnis skuorde syn mem him faak roekeleas mei yn grutte fantasyen en aventoeren. Gabe hold fan har ferhalen, mar dizze nacht fielde er foar it earst dat er der allinne foar stie.

Ik moat it sels dwaan…

Yn ‘e garaazje hat Gabe it petear mei syn mem, dat doe ûnmooglik wie. Oer alles dêr’t sy nea fan begrepen hat dat hy it nedich hie. En hy wol fierder reizgje, letterlik en figuerlik, nei it Noarden dêr’t se nea oankamen.

Fierder nei it Noarden is in yntime foarstelling oer soarch, leafde en ferantwurdlikheid. Oer in bern dat te betiid folwoeksen wurde moast, en oer weromgean om einlings foarút te kinnen.

Unike lokaasje | Haaima Garages

Fierder nei it Noarden spilet ôf him yn de wurkpleats fan de Haaima autogaraazjes yn respektyflik It Hearrenfean, Drachten en Ljouwert. In romte dy’t naadleas oanslút by de oantinkens oan de nacht dy’t alles feroare.

  • Spylperiode: 7 o/m 17 okt It Hearrenfean, 20 o/m 31 okt Drachten, 3 o/m 28 nov Ljouwert
  • Lokaasje: Wurkpleats Haaima Garages yn It Hearrenfean, Drachten en Ljouwert
  • Entreeprizen: € 24,50 (standaard), € 22,- (Freonen fan Tryater), € 17,50 (CJP/Jong o/m 25 jr), try-outs € 2,50 koarting
  • Betide-boekers-koarting: € 2,50 de kaart oant 1 augustus 2026
  • Taal: Fierder nei it Noarden is foar it grutste part Frysktalich. Nederlandse ondertiteling is aanwezig (lichtkrant)
  • English subtitles: available (Smart Glasses). Choose the ’ticket + smart glasses’

Tagonklikheid
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Fierder nei it Noarden. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.


Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

Hjirûnder hawwe wy alles foar dy op in rige set. Wolst (ien fan) de ûndersteande mooglikheden brûke, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.

Let op! Ast witte litst datst komst, dan kinne wy mei spesifike winsken rekken hâlde. Stjoer dan in mailtsje nei Hilly Kronemeijer. Ek ast fragen hast oer tagonklikheid en/of mear mear ynformaasje, wolst. Sy helpt dy graach fierder. We tinke graach mei dy mei oer hoe’t we foar dy teäter tagonklik meitsje kinne!

SITST YN IN ROLSTOEL EN/OF KINST MIN RINNE?

  • Rolstoelplakken beskikber: de foarstelling is rolstoeltagonklik.

AUDITIVE STIPE

  • Roger gehoorondersteuning (Phonak) is beskikber foar minsken dy’t min hearre yn de foarm fan in mobile ûntfanger dy’t wurket as ringlieding.
    De Roger gehoorondersteuning is op twa ferskillende wizen te brûken:
    – Mei dyn eigen gehoarapparaat mei in T- of MT-stand* en CI (cochleair implantaat) yn kombinaasje mei de ûntfanger/luisterhulp.
    – Mei in koptelefoan. Wy ha koptelefoans beskikber mar it is ek mooglik om in eigen koptelefoan (net triedleas) oan te sluten.
  • Tolk Nederlandse gebarentaal: Der is in tolk Nederlandse gebarentaal beskikber fia smart glasses.

*Ringlieding en T- of MT-stand: In gehoarapparaat kin in ‘luisterspoelprogramma’ ha (T- of MT-stand). Skeakelje de T- of MT-stand yn en it gehoarapparaat kin de signalen fan de ringlieding ûntfange. Nim by fragen oer dyn gehoarapparaat en de oanwêzichheid fan de T- of MT-stand, kontakt op mei dyn hearspesjalist. Tryater brûkt foar de ringlieding it Phonak-Roger-systeem foar teäters.

FISUELE STIPE

  • Audiodeskripsje: Beskikber foar bline minsken of minsken dy’t min sjogge.
  • Helphûnen binne wolkom.

ONDERTITELING

  • Nederlandse ondertiteling is aanwezig (lichtkrant).

LANGUAGE NO PROBLEM

  • English subtitles: available (smart glasses). Choose the ’ticket + smart glasses’

Kredits

Tim Helderman
Tamara Schoppert
Mats Voshol
Loek de Bakker
Herman van de Wijdeven
Peter Sijbenga
Nina Thunnissen
Sarah Nixon
Spul Tim Helderman, Tamara Schoppert, Mats Voshol | Muzyk Mats Voshol | Regy Loek de Bakker | Tekst Herman van de Wijdeven | Oersetting Peter Sijbenga | Dramaturgy Nina Thunnissen | Senografy Sarah Nixon | Kampanjebyld Heleen Haijtema |

Fierder nei it Noarden

 

Tagonklikheid

Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

lês mear

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado