In aventoerlike foarstelling foar bange dûkers en dappere fan-de-kant-ôf sjoggers
Plûns is te sjen op basisskoallen yn hiel Fryslân, op 17 febrewaris 2026 yn Theater aan het Spui yn Den Haag by it Lentekriebels Festival en yn de foarjiersfakânsje op 26 febrewaris by Tryater yn eigen hûs.

Kom op tongersdei 26 febrewaris om 11:00 of 15:00 oere nei Plûns by Tryater oan de Oostersingel 70 yn Ljouwert! Bern (oant 12 jier) binne fergees ‘op fertoan’ fan in beteljende folwoeksene (yntree € 14,50). Dus net allinne pake en beppe meie mei, ek dyn âlders, omke of muoike!
Dêr is it djippe. En dit is de dûkplanke. Doarsto der fanôf? Ik doch in bomke. Do stiest oan de kant. Ik wettertraapje. Do fielst mei de teannen. Ik meitsje grutte weagen. Do sjochst nei it wetter. Do sjochst en sjochst mar. Krekt sa lang oant it wetter in spegel wurdt.
Plûns is in byldzjende, fantasyrike beukerfoarstelling oer twa jonges dy’t inoar moetsje flak foardat harren earste swimles begjint. De iene hat der sin oan, de oare sjocht oeral gefaren. In ferhaal oer dysels of in oar bang prate. En dat wat doare net betsjut datst it fuortendaliks dwaan silst. Meist wankelje foardatst in stap setst?
Mei de foarstelling Plûns komme we by dy op skoalle en spylje we yn it boarterslokaal.
Krukpraatsjes
Wat fine beukers der sels eins fan?
- Leeftiid: 4+, groep 1 en 2, spesjaal ûnderwiis yn oerlis
- Spylperioade: 17 febrewaris o/m 17 april 2026
- Kosten: € 525 per foarstelling en € 890 by twa foarstellingen op deselsde dei en lokaasje
- Kapasiteit: 80 (ynkl. learkrachten)
- Lokaasje: boarterslokaal
- Taal: Frysktalige, byldzjende en muzikale foarstelling dy’t ek foar net-Frysktaligen goed te folgjen is


Fragen oer boeke?




