Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Plûns
Klein jongetje in een zwembad met een zwemband om
skoallefoarstelling 4 + 17 Feb O/M 17 Apr’26

Plûns

Bestel kaarten
Theater aan het Spui | Den Haag
Tiisdei 17 Febrewaris 2026

Plûns

14:00
Theater aan het Spui | Den Haag
Tariven
  • Normaal €16.00
  • Kind <13 €10.50
ihkv Lentekriebels Festival

In aventoerlike foarstelling foar bange dûkers en dappere fan-de-kant-ôf sjoggers

Plûns is te sjen op basisskoallen yn hiel Fryslân en op 17 febrewaris 2026 yn Theater aan het Spui yn Den Haag by it Lentekriebels Festival

Dêr is it djippe. En dit is de dûkplanke. Doarsto der fanôf? Ik doch in bomke. Do stiest oan de kant. Ik wettertraapje. Do fielst mei de teannen. Ik meitsje grutte weagen. Do sjochst nei it wetter. Do sjochst en sjochst mar. Krekt sa lang oant it wetter in spegel wurdt. 

Plûns is in byldzjende, fantasyrike beukerfoarstelling oer dingen doare dy’tst earst noch net doardest. Oant de knibbels? Oant de nâle? Mei elkoar kopke ûnder? Plûns!

Mei de foarstelling Plûns komme we by dy op skoalle en spylje we yn it boarterslokaal.

  • Leeftiid: 4+, groep 1 en 2, spesjaal ûnderwiis yn oerlis
  • Spylperioade:  17 febrewaris o/m 17 april 2026
  • Kosten: € 525 per foarstelling en € 890 by twa foarstellingen op deselsde dei en lokaasje
  • Kapasiteit: 80 (ynkl. learkrachten)
  • Lokaasje:  boarterslokaal
  • Taal:  Frysk/Nederlands

Fragen oer boeke?

Kredits

Raymond Muller
Mats Voshol
Tamara Schoppert
Spul Raymond Muller, Mats Voshol | Regy Tamara Schoppert | Tekst Sanne Schuhmacher |

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado