Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Tryater Rûnom

Wy sykje neist ús teäterfoarstellingen altyd nei manieren om mei it publyk fan gedachten te wikseljen. Om foarstellingen hinne mar ek op himsels steand organisearje we geregeld aktiviteiten en produsearje we uteringen dêr’t ynteressearre publyk fan meigenietsje kin. In podcast, in workshop, in evenemint, it kin fan alles wêze wat in foarstelling of tema fierder oan ús publyk ferbynt. Dizze aktiviteiten bondelje wy ûnder de namme Tryater Rûnom.

Under dizze titel sykje wy oeral yn Fryslân minsken op om te praten, te hearren of aktyf oan de slach te gean yn bygelyks skriuw – of spulworkshops. Soms mei tema’s dy’t yn ús foarstellingen nei foaren komme. Wy wurkje dêrby gear mei alderhande lokale ynstellings en inisjativen, eksperts, teatermakkers, minsken út it ûnderwiis, ûnderfiningssaakkundigen, oerheden en toanielferieningen. Sjochst wat nijsgjirrichs? Lit dan gerêst fan dy hearre!

Skriuwe

Tryater organisearret geregeld skriuwworkshops, wêryn’t dyn pinne foar toanielteksten oanskerpe wurd, begelaat troch professjonals út ús netwurk. Faak is dit keppele oan in foarstelling, dy’tst binnen it programma ek sjen silst. De tekst kin weromkomme yn bygelyks in podcast of oare utering. Wikselest út mei dyn dosint en de oare kursisten, wat it útdaagjend, leuk en ekstra learsum makket. Frysk, Nederlânsk, it kin allegear. Hâld de website en ús nijsbrief yn’e gaten foar nij oanbod.

Spylje

Tryater organisearret elk teäterseizoen in mooglikheid foar spilers (fan begjinnend oant foardere amateur, sawol Frysktalich as net-Frysktalich) om harren feardichheden oan te skerpjen, begelaat troch profesjonele regisseurs en akteurs út ús eigen netwurk. De ynset fariearret fan in dei(diel) oant in hiel wykein. Wy ferbine graach Frysk talint oan ús organisaasje, om elkoar fierder te helpen en te ynspirearjen. Fynst de aktuele workshops op ús webside en yn de nijsbrief.

Belibje

Njonken foarstellingen uteret Tryater har ek graach op oare wizen en lâns alternative paden. Sa produsearje wy podcasts by guon foarstellingen, dêr’t wy in ûnderwerp yn útdjipje. Soms yn kombinaasje mei skriuw – of spulworkshops. Of we meitsje fideo’s, of organisearje in evenemint datst bywenje kinst. Op de foarstellingspagina’s fynst dizze aktiviteiten ek werom. Fia de website en ús nijsbrief bliuwst op’e hichte fan wat wy dogge.

Talentûntwikkeling

Foar talint meitsje wy trochrinnend romte, út soarch foar de folgjende generaasje Frysk (talich)e teatermakkers. Fia eigen talintûntwikkelingstrajekten en gearwurkingen mei kollega-ynstellingen yn Noard-Nederlân, lykas Station Noord.

Foto van twee jongens die aan het filmen zijn
Spylje
snein 9 novimber

Theaterfilmdei foar jongeren fan VO, MBO en HBO

Dûk mei oare jongeren yn de wrâld fan kamera-aktearjen, filmtrúks en teatermagy. Krigest les fan twa ynspirearjende professionals dy’t dy alle ins en outs fan it fak leare. En oan de ein fan de dei presintearrest mei-inoar in eigen koarte kreaasje!

Spylje
28 en 29 novimber

It Gouden Wykein

Ek yn it feestlike jier 2025 organisearret Tryater in Gouden Wykein foar amateurspilers. Dizze kear stiet alles yn it teken fan it Ienakterfestival dat op 21 en 22 maart yn eigen gebou plakfine sil, yn jubileumseizoen 2025 -2026. Spilers en teäterselskippen dy’t har hjirfoar oanmeld hawwe krije workshops fan Tatiana Pratley, Brecht Wassenaar en Karel Hermans, wêryn’t sy op de flier oan de slach gean mei harren eigen ienakter, spesjaal foar it jubileum troch professionals skreaun. Regisseurs ferkenne it gebou en kieze dit wykein harren spylplak foar it festival yn de maitiid en technisy krije in workshop ljochttechnyk om harren ienakter goed út te ljochtsjen by it Ienakterfestival.

Belibje
Krystfakânsje 2025

Rûnom Anwar en de wolf

Tryater Rûnom tsjoent foar dizze foarstelling it gebou om ta in mearke-achtich, grinsleas gehiel. By alle útfieringen is foar jong en âld wat oars te sjen, iten en belibjen. Harkje nei livemuzyk út ferskate kultueren, genietsje fan’e wrâldkeuken, lear animearjen as yn’e foarstelling en kom mei teeseremoanjes yn ynternasjonale sfearen, yn’e gesellich en mystyk foarmjûne foyer. Wolst dinearje, animearje of fan alles priuwe? Bestel dyn ticket foar dyn favorite datum op basis fan it blokkenskema op’e website.

Belibje
Podcast

Yn de fuotleasten fan Foekje

Yn de fuotleasten fan Foekje is in audio-kuiertocht yn de omkriten fan Boerum.

Belibje
Podcast

Hurddrave mei Foekje

Yn it ramt fan de foarstelling ‘Foekje’ (apr o/m jun ’25) makken we de trijedielige podcast Hurddrave mei Foekje. Hoe wjerspegelet it ferhaal fan Foekje Dillema de striid foar gendergelikens yn de sport hjoed-de-dei? Yn trije ôfleveringen prate we dêroer mei saakkundigen en ûnderfiningssaakkundigen.

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado