Hilde is ûnder-siker. Se siket ûnder de dingen, om’t se mear fan dy dingen witte wol. Se wol it begripe. As op skoalle ynienen in frjemd en tsjuster gat ûntdutsen wurdt, wurdt Hilde belle om ûndersyk te dwaan. Mei Mûs, dy’t har helpt, mjit se it gat, want mjitte is witte en witte is mjitte. Mar dan komt der ynienen in jonkje oanrinnen, mei in hiel drok hûntsje… Se stjoere Hilde har ûndersyk folslein yn ’e hobbel.
Rûntsje Hûntsje spilet op basisskoallen yn Fryslân en Grinslân. In byldzjende foarstelling oer freonskip, aventoer en grutte ûntdekkingen, lykas: it tsjuster hat mear kleuren ast tinkst.
- Leeftiid: 4+, groep 1 en 2, spesjaal ûnderwiis yn oerlis
- Spylperioade: 17 febrewaris o/m 10 april 2025
- Lokaasje: boarterslokaal
- Kosten: € 500 de foarstellingen € 850 by twa foarstelling op deselde dei en lokaasje, iepenbier € 600 de foarstelling
- Kapasiteit: 80 (ynkl. learkrêften)
- Taal: Frysk of Nederlânsk