Loading...
">
17 O/M 28 Septimber

Sâlt

In ûnderhûdske moeting
Nei it sukses op Oerol yn septimber 2024 yn reprize op de fêste wal!

Mei live muzyk fan Mats Voshol

Yn Sâlt bisto tegearre mei aktrise Eva Meijering yn in magysk realistyske wrâld. Stadich mar wis wurdt bleatlein hoe’t se dêryn telâne kaam is. Se hat oantinkens oan sâlt wetter, in dokter, har âlden, har hûd en oanhâldende jokte. Mominten dy’t soarge ha foar de komplekse relaasje ta har eigen lichem. Want asto altyd dyn impulzen ûnder kontrôle hâlde moatst, kinst dan noch frijheid ûnderfine? Slagget it Eva om los te litten?

Sâlt wie yn 2023 in hit op it Oerol Festival op SKylge en giet dêrom yn septimber 2024 yn reprize op de fêste wâl yn in eardere fabrykshal yn Alde Leie.

Sâlt is in oefening yn it balansearjen op de tinne line tusken kontrôle en oerjefte.

  • Yn Sâlt wurdt sawol Nederlânsk as Frysk sprutsen. De foarstelling is foar elkenien goed te folgjen.
  • Fan 18 o/m 28 septimber 2024 van woansdei o/m sneon om 20:30 oere te sjen yn Alde Leie
  • Tagongsprizen: € 19,50 (regulier), € 17,50 (Freonen fan Tryater), € 14,50 (Jong o/m 25 jr)
  • De kaartferkeap foar Sâlt set útein op 1 juny 2024

Tagonklikheid
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar tegearre mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Sâlt. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke by Sâlt, kies dan de júste kaartsoort by it bestellen.

Oer de makkers
Aktrise Eva Meijering is al langere tiid ferbûn oan Tryater en wie te sjen yn ûnder mear Doarp Europa en Nacht. Dêrneist spile sy û.o. by Theater Artemis, Bontehond en it Zuidelijk Toneel. De rezjy is fan ynternasjonaal operearjend akteur en regisseur Michaël Bloos (û.o. Istanbul Bericht van de andere kant, yn de top 3 beste foarstellingen neffens Trouw). Frank Siera skreau de tekst. Syn teksten ûnderskiede har troch de filosofyske ynstek en muzikaliteit, binne yn ferskillende talen oersetten en publisearre yn literère tiidskriften.


Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar tegearre mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

Hjirûnder hawwe wy alles foar dy op in rige set. Wolst (ien fan) de ûndersteande mooglikheden brûke by Sâlt, kies dan de júste kaartsoort by it bestellen.

Let op! Ast witte litst datst komst, dan kinne wy mei spesifike winsken rekken hâlde. Stjoer dan in mailtsje nei Hilly Kronemeijer. Ek ast fragen hast oer tagonklikheid en/of mear mear ynformaasje, wolst. Sy helpt dy graach fierder. We tinke graach mei dy mei oer hoe’t we foar dy teäter tagonklik meitsje kinne!


SITST YN IN ROLSTOEL EN/OF KINST MIN RINNE?

  • Rolstoelplakken beskikber: Sâlt is rolstoeltagonklik.

STIPE FOAR MINSKEN DY’T MIN HEARRE

  • Ringlieding: By Sâlt is foar minsken dy’t min hearre in ringlieding (in triedleas hulpsysteem) beskikber. Der is in ûntfanger/luisterhulp (dy’tst om ‘e nekke hingje kinst) mei of sûnder koptelefoan beskikber. Kinst ek dyn eigen koptelefoan (headset) meinimme.
  • Ringlieding méi gehoarapparaat: De ringlieding is te brûken mei dyn eigen gehoarapparaat mei in T- of MT-stand en CI (cochleair implantaat) yn kombinaasje mei de ûntfanger/luisterhulp.
  • Ringlieding sûnder gehoarapparaat: Kinst min hearre mar hast gjin gehoarapparaat? Ek dan kinst de ringlieding brûke mei de ûntfanger/luisterhulp yn kombinaasje mei in headset.
  • ODS/SDH ûndertiteling: Der is ODS (ondertiteling doven en slechthorenden) beskikber fia smart glasses 
  • Tolk Nederlandse gebarentaal: Der is in tolk Nederlandse gebarentaal beskikber fia smart glasses

*Ringlieding en T- of MT-stand: In gehoarapparaat kin in ‘luisterspoelprogramma’ ha (T- of MT-stand). Skeakelje de T- of MT-stand yn en it gehoarapparaat kin de signalen fan de ringlieding ûntfange. Nim by fragen oer dyn gehoarapparaat en de oanwêzichheid fan de T- of MT-stand, kontakt op mei dyn hearspesjalist. Tryater brûkt foar de ringlieding it Phonak-Roger-systeem foar teäters.

FISUELE STIPE

  • Audiodeskripsje: Beskikber foar bline minsken of minsken dy’t min sjogge.
  • Blindengeleidehûnen binne wolkom.
 
Eva kruipt in theatervoorstelling ‘Sâlt’ in haar onrustige huid
Friesch Dagblad
 
,,Zo wordt op een heel theatrale manier een aantal vraagstukken behandeld. En dat op een supermooie locatie.”
Leeuwarder Courant
 
Sâlt van Tryater is nu al een van de hits van het Oerol-festival
Leeuwarder Courant
'Sâlt' is dit jaar een van de mooiste voorstellingen op Oerol
Volkskrant
Eva Meijering is in deze wonderschone solo als een vis in het (zoute) water
Theaterkrant

Kredits

Eva Meijering
Michaël Bloos
Mats Voshol
Konsept & spul Eva Meijering | Regy Michaël Bloos | Muzyk Mats Voshol, Michelle Samba | Tekst Frank Siera | Oersetting Peter Sijbenga | Senografy Morgana Machado Marques | Lûdsûntwerp Ben Vrielink | Technyk Gerard Jorna, Bart Schurer | Kampanjebyld Heleen Haijtema, Muah Nynke van der Veen | Sênefotografy Bart Grietens |

Sâlt

 

Tagonklikheid

Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar tegearre mei ferskillende organisaasjes dy't har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado