AMATEUR-TROMBONISTEN SOCHT FOAR UNDER WETTER!
21 02 202212 maaie o/m 9 july spilet de grutte lokaasjefoarstelling Under Wetter yn Wergea en op Oerol. Tryater en Ivgi&Greben sykje trombonisten mei ûnderfining dy’t de muzyk fan komponist Sytze Pruiksma útfiere kinne ûnder lieding fan profesjonele trombonisten Brandt Attema en Sebastiaan Kemner.
Wat foar dy?
Wennest yn of tichtby Fryslân en bist yn besit fan minimaal in HaFaBra B (leafst C) diploma. Bist in betûft amateurtrombonist en fynst it moai om ûnderdiel te wêzen fan in groep makkers en spilers mei ûnderfining? Dan sykje wy dy! Wy biede dy in masterclass fan profesjoneel trombonist Brand Attema en in te gekke ûnderfining by in grutte iepenloftproduksje. Mochtst oare trombonisten witte dy ‘t de partij mei dy diele wolle of dy’t ek meidwaan wolle: lit it witte en diel dizze oprop!
Wichtich is datst beskikber bist op de folgjende data:
- 9 april fan 10.00 oant 16.00 oere foar de masterclass fan Brandt Attema;
- 16 april fan 10.30 oant 16.00 oere, 24 april fan 10.30 oant 15.00 oere en 1 maaie fan 13.00 oant 16.00 oere foar de repetysjes mei Brandt Attema of Sebastiaan Kemner;
- Minimaal de helte fan de folgjende data: 5, 6, 7, 9, 10 en 11 maaie, allegearre yn de jûnsoeren;
- En foar leafst alle – mar minimaal tsien – foarstellingen fan Under Wetter. Alle data binne te finen op ús webside.
Bist klear foar dizze muzikale ûnderfining? Lês it komplete profyl hjir en jou dy uterlik moandei 14 maart op. Wy nimme kontakt mei dy op!
Oanmelde kin fia ûndersteand formulier.