Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Sjongeres Elske DeWall yn foarstelling Raze om protters

30 09 2019

Sjongeres Elske DeWall leveret in spesjale bydrage oan de foarstelling Raze om protters. Se sjongt ûnder oaren de titelsong ‘Raze om protters’.

Yn de rin fan de foarstelling wurdt hieltyd dúdliker wat de rol is fan Elske DeWall yn it libben fan haadpersonaazje Doede, in rol fan akteur Raymond Muller.

Raze om protters is in foarstelling oer minsken dy’t op ien of oare wize net binnen de maatskiplike noarm falle. Sa’n ien is Doede, in tritichjierrige jonge mei in lichte ferstanlike beheining. Wannear’t Doede foar de safolste kear net begrepen wurdt, komt er yn aksje en easket in poadium, yn de hope dat it publyk nei him lústerje wol. Hy gizelet it publyk en fiert harren mei nei syn belibbingswrâld, dêr’t er ynsjoch biedt yn syn libben en gedachten, syn observaasjes en ynterpretaasjes, dy’t oandwaanlik, grappich, skrinend en soms sels pynlik werkenber binne.

Oare belangrike rollen wurde spile troch Aly Bruinsma as de mem fan Doede, Mads Wittermans yn de rol fan syn casemanager, en dûnseres Olympia Kotopoulos as de bûtenlânske, húshâldlike help.

Yn Raze om protters set regisseur Eelco Venema aktuele, maatskiplike fraachstikken oer soarch, partisipaasje, ynklusiviteit, sinjouwing en iensumheid om yn in tragikomysk skouspul tusken fjouwer spilers, wêrby’t er mei humor en empaty de somtiden skrinende werklikheden oan it ljocht bringt.

De foarstelling wurdt oant en mei 11 desimber spile op mar leafst 39 lokaasjes yn Fryslân en yn stêd Grins: yn doarpshuzen, by bedriuwen en yn skouboargen. Yn de foarstelling wurdt Frysk, Nederlânsk en Ingelsk praat. Foar wa’t wol, is yn de skouboargen in Nederlânske fertaling beskikber. Tiisdei 3 desimber is by de foarstelling yn De Harmonie yn Ljouwert in blinetolk fan Komt het Zien! oanwêzich.

Alle spyllokaasjes en kaarten kinst hjir fine.

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado