Raze om protters

Wannear’t it genôch is.

Bestel kaarten
As net ien dy heart en net ien dy sjocht, hoe hâldst dy dan steande?

Ast hieltyd mar it gefoel krijst dat net ien dy heart en net ien dy sjocht, wylst sa dyn bêst dochst om derby te hearren, hoe hâldst dy dan steande…?

It bart Doede (Raymond Muller), in jonge mei in lichte ferstanlike beheining, wannear’t in soad feroaret yn syn libben. Sûnt in pear wiken sit er ferplichte thús by syn mem (Aly Bruinsma), dy’t ek fersoarging nedich hat. Hy hat dien krigen om’t er by fersin syn net te temjen leafde foar Elske DeWall te bot utere, wylst syn freonen dat krekt sa oanmoedigen. Dêrtroch liket der gjin plak mear foar him te wêzen yn de maatskippij.

Help krijt er fan ynstânsjes, mar hy wurdt fan de muorre nei it sket stjoerd. Hoe hurd oft er ek besiket, Doede krijt mar gjin fet op hoe’t it dan wol heart. As útsetter driget ek syn favorite dowehobby foar him te djoer te wurden. Hy begrypt it net; hy docht sa syn bêst, wêrom wurdt dat net sjoen? Yn stee fan de kop hingje te litten, komt Doede yn aksje en easket in poadium. It is genôch.

Yn dizze oandwaanlike teaterfoarstelling wurdst gizele troch Doede – mar meitsje dy gjin soargen, hy hat gjin kwea yn it sin. Hy wol allinne mar hiel graach datst efkes harkest -. Hy nimt dy mei yn syn wrâld, yn syn dreamen, lâns de paden fan syn ûnfrede, iensumheid en langstme. Kinsto him hearre?

Eelco Venema skriuwt en regissearret Raze om protters. Hy is by Tryater bekend as spiler, mar ûnderwilens hat er ek in flink oantal stikken skreaun. Yn Raze om protters set Eelco Venema aktuele, maatskiplike fraachstikken oer soarch, partisipaasje, ynklusiviteit, sinjouwing en iensumheid om yn in tragikomysk skouspul tusken fjouwer spilers, wêrby’t er mei humor en empaty de soms skrinende werklikheden oan it ljocht bringt.

Fierder wie Rooftop Memories, dat te sjen wie yn Theater Bellevue yn Amsterdam, wie fan syn hân. In pear jier lyn skreau er mei oan de ‘Liwwadder’ útfiering fan Discopigs, koartlyn skreau er So happy together. Fierder skreau Eelco mei oan Wa oerlibbet de skries en Doarp Europa.


 

FOTO’S (c) BAS DE BROUWER

Kredits

Eelco Venema | Eelco Venema | Aly Bruinsma, Olympia Kotopoulos, Raymond Muller, Mads Wittermans | Trieneke Verbeek | Marieke Veenstra | Snoet & Smoel | Koos de Vries | Jan Bruinsma | Gerard Jorna, Sigrid Jonker, Bart Schurer, Ben Vrielink | Arjan Hut | Richard Toepoel en Pieter-Frans Flameling | Lourens van den Akker |
Eelco_Venema Eelco Venema | Tekst & regy
Raymond_Muller Raymond Muller | Doede Peterson
Aly_Bruinsma Aly Bruinsma | Jet Peterson (mem fan Doede)
Mads_Wittermans Mads Wittermans | Rikkert Schuil (Sosjaal wurker)
Olympia_Kotopoulos Olympia Kotopoulos | Zoë (thúshelp)

Parse

"Doede schreeuwt om aandacht"

— Leeuwarder Courant 3-10-2019

""Lichtvoetig, humoristisch en aangrijpend tegelijk""

— Theaterkrant 7-10-2019

"'Raze om protters': skreau om aandacht"

— De Moanne 7-10-2019

"Razend troch de wrâld fan Doede"

— Friesch Dagblad 7-10-2019

"Raze om protters: "Ik wol dat jimme nei my harkje!""

— Omrop Fryslân 3-10-2019

"Tusken realisme en freakshow"

— Leeuwarder Courant 7-10-2019

"Echte aandacht eisen in 'Raze om protters'"

— Friesch Dagblad 2-10-2019

Tryater Rûnom

Under de titel Tryater Rûnom organisearret Tryater ferskillende aktiviteiten om ús foarstellingen hinne. We sykje minsken rûnom yn Fryslân op om fan gedachten te wikseljen, te fertellen oer of aktyf oan ’e gong te gean mei ûnderwerpen út ferskillende ynfalshoeken wei. We wurkje dêrby gear mei ûnder oaren lokale ynstellingen en inisjativen, eksperts, teatermakkers, minsken út it ûnderwiis, ûnderfiningsdeskundigen, oerheden en toanielferieningen.
Ek om Raze om protters hinne binne in tal aktiviteiten organisearre, dy’t oanslute op it tema fan de foarstelling. De ûndersteande aktiviteiten binne yntusken bekend. Hâld de website yn ‘e gaten foar it wiidweidige programma.

8 nov. Neipetear yn MFC It Maskelyn yn Hurdegaryp
12 nov. 
Skriuwsesje >> Klik hjir foar mear ynformaasje en oanmelding.
15 nov. Ferhalejûn
16 nov. Neipetear yn Doarpshûs yn Achlum.
24 nov. Oan Tafel mei ‘3 perspectieven-menu’ Lewinski Snits >> Klik hjir foar mear ynformaasje en reservearring.
3 des. Neipetear yn De Harmonie yn Ljouwert
4 des. Pakjesjûn Theater Sneek

Foar mear ynformaasje oer Tryater Rûnom en boppesteand programma, kinst kontakt opnimme mei Jojanneke Braam: j.braam@tryater.nl

Oare foarstellingen

Tryater Rûnom ‘Aan Tafel’ bij Lewinski

Tryater Rûnom: Schrijven met en voor vergeten groep