Edukaasje
Mei ús meartalige jeugd- en jongerefoarstellingen stean we midden yn de wrâld fan bern en jongeren. We kieze foar maatskiplike tema’s dy’t foar har relevant binne. Op in manier dy’t betizet, treast of oanset ta oars tinken. We litte sjen dat teater tichtby én aventoerlik is, oftst no 4 of 16 jier âld bist. Us edukaasjeprogramma’s helpe dêrby.
Mei ús edukaasjemateriaal prikkelje we it kreative fermogen fan elke learling. We biede romte foar ûndersyk, eksperimint en eigenheid. Gjin kant-en-kleare produktrjochte lessen dus, mar lesmateriaal dêr’tst net omhinne kinst. Om’t it plak ynnimt, yn de klasse én yn dyn holle. Neist materiaal oer spesifike foarstellingen biede we workshops oan. Fynst it oanbod foar elke ûnderwiisfoarm apart.
Primêr ûnderwiis
Tryater pakt de passive sjochhâlding oan dy’t we fan it byldskerm kenne en stelt dêr in ûnderfining foaroer dy’tst net gau ferjitst.
Fuortset ûnderwiis
Oan in akteur dy’t yn it ljocht fan dyn klasselokaal op mar inkelde meters ôfstân sjongt, tutet, dreamt of yn lilkens útbarst, falt net te ûntkommen.
MBO & HBO
Of studinten no in teaterrelatearre oplieding folgje of net: by Tryater kinne se teplak foar ynspirearjende en ferdjipjende projekten, workshops en foarstellingen.
Fernimstich, muzikaal, oerweldigjend, tichtby en direkt: belibje ús foarstellingen!
We stribje dernei dat elk bern yn Fryslân op syn minst ien kear yn de kunde komt mei Tryater. We meitsje muzikale, fernimstige foarstellingen foar bern (4+, 6+ en 8+) en rauwe, poëtyske foarstellingen foar jongeren (12+ en 14+). We kieze foar maatskiplike ûnderwerpen dy’t bepalend binne foar har takomst. En foar teatermakkers dy’t oansette ta oars tinken.
In soad fan dizze foarstellingen spylje we op de skoallen sels. Yn it boarterslokaal, de gymseal of de klasse. Dat teater tichtby en direkt wêze kin, ûnderfynst by ús.