Wy dogge mei! Help Pake en Beppe de Fakânsje Troch 2020 & Breidzje (4+)
04 02 2020Help Pake en Beppe de Fakânsje Troch: it leukste famylje-uitje yn de foarjiersfakânsje!
Fan 18 o/m 21 febrewaris 2020 iepenje sa’n 40 kulturele ynstellingen yn Fryslân – ek Tryater – harren doarren spesjaal foar bern. Op 18 en 19 febrewaris is de kleuterfoarstelling Breidzje (4+) te sjen, in filosofyske foarstelling oer groeie. Spesjaal foar dizze wike wurde der yn ‘e foyer ekstra berne-aktiviteiten om de foarstelling hinne organisearre. Nim dyn pake, beppe, omke, muoike of dyn âlders mei, want ‘op fertoan’ fan in folwoeksene hast as bern fergees yntree!
Bestel hjir kaarten foar ‘Breidzje’ (4+)