Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Wolkom by Uit in Huis

27 07 2023

Sneon 9 septimber iepenje de kulturele ynstellingen yn Ljouwert it nije seizoen mei it evenemint Uit in Huis. Fansels docht Tryater mei! Tusken 12.00 en 16.00 oere organisearje we ferskillende fergees tagonklike aktiviteiten.

Sjoch hoe’t we hjoeddedei oan teäter wurkje mar rin ek troch de skiednis fan de Vijverschool út 1883. De leafhawwer kin mei op in rûnlieding troch it gebou, dy’t we organisearje tegearre mei ús buorlju fan JTS Meeuw. Fierder: Bern kinne mei har âlden en pakes en beppes in teatrale miny-safary meitsje nei in beam yn de buert. It is in ynsjoch yn de 6+-skoalfoarstelling De Eik was hier, dy’t sûnt april op basisskoallen spilet. Dêrneist komst as besiker yn de kunde mei it Fanfare-trijelûk, de foarstellingsrigen oer de fanfarekultuer dêr’t we ús it kommend seizoen op stoarte. Ek kinst by Uit in Huis plaknimme yn in libbensgrut patatbakje: Snackgelok. In audio-ynstallaasje dêrst ferhalen oer konsumearjen hearst. De bakjes stiene al op Oerol, Welcome to the Village, Karavaan en oare festivals.

Programma 9 septimber

12.00 oant 16.00 oereDoarren iepen, Oostersingel 70
TrochrinnendYnstallaasje Snackgelok en doch-aktiviteit foar bern
13.00 en 14.00 oereRûnlieding troch it gebou y.g.m. JTS Meeuw. Start by Meeuw
13.30 en 14.30 oereSafary De Eik was hier
15.00 oereFoarpriuwke Fanfare, seizoenspresintaasje

Oer Uit in Huis

By Uit in Huis sette kulturele ynstellingen yn Ljouwert de doar iepen om dy te fertellen oer har programma foar de kommende tiid, of om it dy sjen, hearre of belibje te litten!

Nijs

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

Abstracte afbeelding van een rennende Foekje Dillema 14 02 2025

Doch mei oan de Foekje Run | Boerum 12 april

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum

05 02 2025

Ienakterfestival 19-22 maart ‘26

Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival yn maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild.

Campagne beeld Foekje 28 01 2025

Earste foarstelling Foekje útferkocht!

Foekje Dillema’s berteplak Boerum as earste fol

Afbeelding van Winters Noorwegen 14 01 2025

Tryater yn dreamde Europeeske dokumintêre

FryslânDOK op NPO2 en Omrop Fryslân fan 15 febrewaris ôf. Premjêre tongerdsei 13 febrewaris by Tryater

19 12 2024

Selsfersekere nei de 60

Jubileum of net, as 2025 mar heal sa goed wurdt as it jier dêrfoar sitte we der alwer hiel tefreden by. Tank allegear foar it ôfrûne jier en we sjogge nei jim út yn it oankommende jier!

07 11 2024

Weromsjen presintaasjedei Het Houten Huis, Tryater en Peergroup

Op moandeitemiddei 4 novimber hawwe de noardlike teäterselskippen Het Houten Huis, Tryater en Peergroup mienskiplik har foarstellingen foar de basisskoalle…

28 10 2024

Weromsjen op it Gouden Wykein by Tryater

Op 18, 19 en 20 oktober spilen amateurspilers yn it Gouden Wykein foar in folle kaart. Yn de workshop fan…

24 10 2024

JINC by Tryater foar bliksemstages

Yn septimber en oktober 2024 krige Tryater binnen it JINC-programma twa Ljouwerter basisskoallen foar in bliksemstaazje.   JINC set him yn…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado