Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Weromsjen op it Iepeningswykein fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018

30 01 2018

Oardeljier lyn is der in begjin makke mei de organisaasje fan it Iepeningwykein fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. Yn al dy tiid waarden hieltyd mear minsken belutsen by de organisaasje en it meidwaan oan dit wykein. Snein 28 jannewaris wie it foarby. We ha in machtich oantinken.

Besjoch hjir de aftermovie fan it Iepeningswykein

2018ferhalen
Freed 26 jannewaris songen mear as 1500 bern op de basisskoallen it ferske Seis oere thús fan Nynke Laverman. Jûns wiene der troch hiel Fryslân mear as 20.000 minsken op paad om te lústerjen nei ferhalen. Op guon plakken waarden de lokaasjes oerspield mei besikers. Fan Skylge oant Riis en fan Koarnwertersan  oant Surhústerfean; der wiene in soad entûsjaste lûden te hearren.

De Iepening
Sneon 27 jannewaris sette middeis útein mei de keunsten fan de Ljouwerter bern. Oan belangstelling gjin gebrek! It wie de earste fan sa’n 60 previews dy’ t fan 19.00 oere ôf te sjen wiene yn de binnestêd. Fan dat momint ôf rûn de stêd hielendal fol.

De oanfang wie om 21.46 oere, nei’t de televyzje grien ljocht jûn hie. Sa’n 40.000 minsken stiene yn it sintrum, benammen op de trije pleinen, om it mei te meitsjen. It wie in fantastyske, yndrukwekkende live-underfining. Sa folle meiwurkers, sa folle technyk, sa folle eagen op ús rjochte. De foto’s sprekke foar himsels.

Nijs

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado