Loading...

Weromsjen op it Gouden Wykein by Tryater

28 10 2024

Op 18, 19 en 20 oktober spilen amateurspilers yn it Gouden Wykein foar in folle kaart.

Yn de workshop fan Olaf Pieters learden se mear oer elemintêr spul út de fjouwer eleminten wei. In technyk dy’t ûntwikkele is troch Helmert Woudenberg. Der kamen fjouwer stuollen op it toaniel en Olaf liet hiel helder sjen hoe’t dyn personaazje út fjoer, wetter, loft & ierde wei reagearret. It tapasse en skeakelje kinnen fan it iene nei it oare elemint – en de lagen dy’t dan ûntstean – wie in moaie ferdjipping.

Yn it wykein lieten Tamara Schoppert, Fabian Jansen en Arthur Pirenne sjen datst saken op ferskate manieren oanpakke kinst. Wêr’t Fabian ekstra repetysjedagen ynplant om yn de skiednis fan syn rol te dûken, ûndersiket Tamara foaral de situaasje dêr’t har personaazje yn sit. Arthur liet de dielnimmers, út syn praktykûnderfining as clown wei, har fysyk ferkenne. In folslein oare oanpak. Ut dyn holle en yn dyn liif.

Sneintemiddei hawwe alle spilers BINGO! ûlf Tine spile. Se waarden útdage om ûnder it hiele spul yn de rol te bliuwen en út har personaazje wei te reagearjen op alles dat ûntstie. In grutte ymprovisaasjebingoshow! Spannend, útdaagjend, learsum en in unyk konsept. Mei tank oan Tamara dy’t alles, al ymprovisearjend, yn goede ‘rigen’ wist te lieden.

Tryater hopet mei it organisearjen fan dizze Rûnom-aktiviteit, ferdjipping biede te kinnen en in plak te wêzen dêr’t spilers elkoar moetsje en útwikselje kinne.

Foto’s: Lucas Kemper

Nijs

05 02 2025

Ienakterfestival 19-22 maart ‘26

Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival yn maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild.

Campagne beeld Foekje 28 01 2025

Earste foarstelling Foekje útferkocht!

Foekje Dillema’s berteplak Boerum as earste fol

Afbeelding van Winters Noorwegen 14 01 2025

Tryater yn dreamde Europeeske dokumintêre

FryslânDOK op NPO2 en Omrop Fryslân fan 15 febrewaris ôf. Premjêre tongerdsei 13 febrewaris by Tryater

19 12 2024

Selsfersekere nei de 60

Jubileum of net, as 2025 mar heal sa goed wurdt as it jier dêrfoar sitte we der alwer hiel tefreden by. Tank allegear foar it ôfrûne jier en we sjogge nei jim út yn it oankommende jier!

07 11 2024

Weromsjen presintaasjedei Het Houten Huis, Tryater en Peergroup

Op moandeitemiddei 4 novimber hawwe de noardlike teäterselskippen Het Houten Huis, Tryater en Peergroup mienskiplik har foarstellingen foar de basisskoalle…

24 10 2024

JINC by Tryater foar bliksemstages

Yn septimber en oktober 2024 krige Tryater binnen it JINC-programma twa Ljouwerter basisskoallen foar in bliksemstaazje.   JINC set him yn…

15 10 2024

Presentatiedag Jeugdtheater

Tryater, Het Houten Huis en Peergroup presenteren ‘een sterk staaltje jeugdtheater uit het Noorden’ Maandag 4 november a.s. presenteren Tryater,…

09 10 2024

Joop Wittermans yn aksje foar ús crowdfunding jubileumboek

Joop Wittermans, wa ken him net? De akteur stie yn ‘e begjinjierren al op de planken by Tryater. En noch…

25 09 2024

Inspirerende samenwerking met maatschappelijke partners  

De komende maanden hebben we veel bijzondere workshops in de planning staan en openen we de deuren voor onze maatschappelijke…

13 09 2024

Gouden Wykein foar betûfte amateurspilers

It Gouden Wykein fan Tryater is dit jier op 17, 19 & 20 oktober. Betûfte amateurspilers ûntwikkelje yn it Gouden…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado