Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Tryater bringt yn de maitiid grut lokaasjeteater op iisbaan

15 11 2021
Tryater_UnderWetter_FlorianCats

Ljouwert, 16 novimber 2021 – By Arcadia en op Oerol bringt Tryater in grutskalige bûtenproduksje op de iisbaan fan Wergea en op Skylge. Mei Under Wetter earet it toanielselskip de Fryske reedrydtradysje, mar snijt ek de klimaatferoaring oan. Yn de foarstelling spylje ûnder mear Tamara Schoppert, Rogier in ’t Hout en Lourens van den Akker mei tromboanespilers ûnder lieding fan Sytze Pruiksma en mei dûnsers fan Ivgi&Greben.

Tatiana Pratley, artistyk lieder fan Tryater en regisseur fan it stik: “Sa’n trije jier lyn kaam ik op it idee fan Under Wetter. De yn de winter ûnder wetter steande iisbanen dy’t selden befrieze, makken foar my de opwaarming fan de ierde hiel taastber. Ik frege my ôf: wat bart der mei dy lege plakken yn doarpen, dy’t eartiids sa’n belangryk moetingsplak wienen?” Yn de foarstelling wurdt troch de eagen fan boerefamylje Kingma it ferhaal ferteld oer de funksje fan de iisbaan troch de jierren en generaasjes hinne. Pratley: “It wurdt in grôtfolle foarstelling. Komst op de tribune eagen en earen tekoart.”

Fertroude en nije gesichten

Foar de foarstelling borduert Pratley foar in part troch op it suksesfolle team achter har foarige foarstellingen. Krekt as by Part-Time Paradise en Nacht skriuwt Wessel de Vries de tekst, fersoarget Janne Sterke de foarmjouwing en ûntwerpt Hanne Pierrot de kostúms. De meartalige cast is hast rûn: “We hawwe hiel iepen sjoen nei in passende akteur foar elk personaazje. It wurdt in miks fan fertroude Tryater-gesichten en ‘nijkommers’ as Rogier in ’t Hout en Ayisha Siddiqi. Rogier is foaral bekend fan Het Klokhuis en De Toneelmakerij, mar spile ek yn Marijke Muoi. Ayisha is in jonge aktrise út Grins, dy’t de toanielakademy yn Maastricht die en al lanlik spile. It moaie is dat se ek dûnset”, seit Pratley. Dat beweging in belangrike rol spylje sil yn de foarstelling docht ek bliken út it feit dat gearwurke wurdt mei it nije ynternasjonale dûnsselskip yn Fryslân: Ivgi&Greben

Start kaartferkeap op 1 desimber

Under Wetter is as ûnderdiel fan programmaline ‘IIS’ fan kultuertriënnale Arcadia te sjen op de iisbaan fan Wergea fan 12 oant en mei 28 maaie en fan 28 juny oant en mei 9 july. Dêr tuskenyn, fan 10 oant en mei 19 juny, stiet de foarstelling op Oerol. De kaartferkeap foar de tweintich foarstellingen yn Wergea ferrint fia tryater.nl en start op 1 desimber, it begjin fan de meteorologyske winter.

Foto fan de making of: Berber van Oyen

>> Mear lêze oer de foarstelling? Klik dan hjir.

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado