Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Trouwerijen en Rjochtsaken: Wêrom't Tamara sa fan it stik fan de Flaamske Arne Sierens hâldt

28 02 2019

Byld | Joop Wittermans as Max
Fotografy | Florian Cats
Styling | Miek Uittenhout


In folkse komeedzje oer in ‘hoer op retoer’: op 28 maart giet de foarstelling Trouwerijen en rjochtsaken, smoarge hoeren, ligers, minne heiten en memmen, ûnnoazele bern, ensafuorthinne en it hâldt mar net op yn premjêre yn Zalen Schaaf. De foarstelling is basearre op it Flaamske stik fan teatermakker Arne Sierens en troch Peter Sijbenga op poëtyske wize nei it Frysk oerset foar de útfiering. Wa is Arne Sierens en wat makket dat regisseuse Tamara Schoppert dit stik sa moai fynt?

Arne Sierens (Gent, 1959) is in Flaamske skriuwer en teatermakker. Hy groeide op yn de Brugse Poort, in arbeiderswyk oan de westkant fan Gent. Syn opgroeien yn dizze folkse wyk hat sûnder mis ynfloed op syn wurk: ““Een plek waar de ‘condition humaine’ zichtbaar wordt. Er wonen geen goden, maar sukkelaars. Je ziet er geen tragedies, maar melodrama”, fertelt Sierens. Syn heit, de betiid stoarne skriuwer en filmresinsint Frans Sierens, joech him de leafde foar literatuer en film mei. Syn artistike en syn folkse achtergrûn komme yn syn foarstellingen by elkoar, wat him as teatermakker in persoanlike en unike styl meijout.

“What you see is what you get”

Tamara Schoppert jout de foarstelling fan Sierens in Fryske draai: “De teksten fan Arne Sierens lês ik as folks, rau, direkt en myld tagelyk. Sa ek dit stik”, fertelt se. Trouwerijen en rjochtsaken, ensfh. spilet him ôf yn feestseal De Rialto, dêr’t prostituee Yolande kunde en klanten útnûget om har pensjoen oan te kundigjen, har houlik én har ferhuzing. Mei in bûnt selskip om har hinne: Sacha, Winnetoe, Estelle, Max en har soan Thierry. Tamara: “Sierens ken de minsken dy’t er skriuwt of hat se op syn minst fan tichtby sjoen en heard. En dat gefoel oerfalt my ek fuort as ik syn stikken lês. Yn Trouwerijen en rjochtsaken, ensfh. binne de seis personaazjes hiel transparant. Gjin dûbele boaiems, what you see is what you get. Ek al smite se sûnder sjêne of twivel sa it roer en har miening om. En wylst se soms ûnhandich om har hinne meppe, letterlik en figuerlik, slútst syn personaazjes wis yn dyn hert.”

“Moatst wol fan se hâlde”

“Nei in jier dêr’t it wurd Mienskip hiel faak yn neamd is of ynset om dingen foar elkoar te krijen, kies ik dit stik om yn te zoomen op in lytse mienskip”, fertelt Tamara fierder. “Wa binne sy, wêr meitsje se har drok om? Yn Trouwerijen, ensfh. sjogge we dat de personaazjes net mei en net sûnder elkoar kinne. Se sette elkoar like hurd op har plak as se foar elkoar yn de bres springe wannear’t dat nedich is. Leafdefol jout Sierens har wurden. Hoe rjochtlinich, twivelriedich, ûnhandich, of oertsjûge fan har gelyk oft se har ek troch it libben wrakselje; se krije fan him har gelyk en dêrmei moatst wol fan se hâlde. Se binne ommers dúdlik krekt sa ûnwis en kwetsber ast dysels soms fiele kinst. Krekt sa dwers of eigenwiis ek. En se hawwe deselde grutte herten dy’t likegoed folút haatsje kinne as leafhawwe, krekt as wy sels.”

Peter Sijbenga fertaalde it stik fan Sierens nei it Frysk mei in ‘bite’, in fiktyf ‘Folksfrysk’. Fan 28 maart ôf is de foarstelling te sjen oant en mei 20 april, wêrby’t Zalen Schaaf omtsjoend wurdt ta feestseal De Rialto. Kaarten binne hjir te keap.

Nijs

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

Abstracte afbeelding van een rennende Foekje Dillema 14 02 2025

Doch mei oan de Foekje Run | Boerum 12 april

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum

05 02 2025

Ienakterfestival 19-22 maart ‘26

Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival yn maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild.

Campagne beeld Foekje 28 01 2025

Earste foarstelling Foekje útferkocht!

Foekje Dillema’s berteplak Boerum as earste fol

Afbeelding van Winters Noorwegen 14 01 2025

Tryater yn dreamde Europeeske dokumintêre

FryslânDOK op NPO2 en Omrop Fryslân fan 15 febrewaris ôf. Premjêre tongerdsei 13 febrewaris by Tryater

19 12 2024

Selsfersekere nei de 60

Jubileum of net, as 2025 mar heal sa goed wurdt as it jier dêrfoar sitte we der alwer hiel tefreden by. Tank allegear foar it ôfrûne jier en we sjogge nei jim út yn it oankommende jier!

07 11 2024

Weromsjen presintaasjedei Het Houten Huis, Tryater en Peergroup

Op moandeitemiddei 4 novimber hawwe de noardlike teäterselskippen Het Houten Huis, Tryater en Peergroup mienskiplik har foarstellingen foar de basisskoalle…

28 10 2024

Weromsjen op it Gouden Wykein by Tryater

Op 18, 19 en 20 oktober spilen amateurspilers yn it Gouden Wykein foar in folle kaart. Yn de workshop fan…

24 10 2024

JINC by Tryater foar bliksemstages

Yn septimber en oktober 2024 krige Tryater binnen it JINC-programma twa Ljouwerter basisskoallen foar in bliksemstaazje.   JINC set him yn…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado