Teatrale lêzing nei de deadebetinking op 4 maaie
19 04 2017Op de jûn fan de Nasjonale Deadebetinking op 4 maaie sette teatermakkers troch hiel Nederlân harren om 21.00 oere yn om dizze dei fan ekstra betsjutting te foarsjen. Yn Ljouwert drage akteurs fan Tryater Voorbij het strijklicht foar, in spesjaal foar dit doel skreaune tekst fan Rebekka de Wit. It stik is oerset troch Romke Toering mei as titel It strykljocht foarby en wurdt lêzen yn it Frysk.
It strykljocht foarby wurdt lêzen yn kombinaasje mei dielen út Het Onderzoek fan Peter Weiss, de dramatisearre werjefte fan de Auschwitzprosessen. Het Onderzoek wurdt yn it Nederlânsk foardroegen en is in oersetting fan Gerrit Kouwenaar.
Betinke en teater
Theater Na de Dam is in inisjatyf fan de teatermakkers en filosofen Jaïr Stranders en Bo Tarenskeen. Yn 2010 makken sy harren drok oer de ôfnimmende sizzenskrêft fan de Nationale Dodenherdenking. Mei Theater Na de Dam wurdt it gebrûk út de jierren ’60 om nei de deadebetinking passende toanielteksten foar publyk te lêzen, oppakt en grutter trochset.
Tryater, Oostersingel 70
Oanfang 21.00 oere
Tagong fergees
Oanmelde is net mear mooglik. Der binne gjin kaarten mear beskikber. Besikers fan de deadebetinking kinne út de Prinsetún wei mei in meiwurker fan Tryater meirinne nei de lêzing.
Sjoch foar mear ynformaasje op theaternadedam.nl